Opjefte keatskamp 2020

GJIT NET TROCH YFM CORONAVIRUS

 

 

Op kamp!

Keatskamp Easterein is al 6 jier in begrip en sa stadich oan komme der ek bern út oare doarpen dy’t meigenietsje fan ús wille. Fan 28 oant 30 april sille we mei de kabouters oant en mei de skoaljeugd der wer trije machtich moaie dagen fan meitsje. In soad traine, gesellich mei syn allen ite en drinke, en fansels de nedige spultsjes dêrby. Fanôf de kategory welpen meie de bern twa nachten sliepe bliuwe yn de Skoalleseize. 
 
De opjefte kin wer op de webside. By de stunt op skoalle sil it papier fan de útnoeging hjir ek noch nei ferwize. 
It begint alwer aardich te borreljen mei de ideeën yn de tarieding. Wy hawwe der wer sin oan, hopelik jim ek.
 
Oant gau en groetnis,
Marco, Selma, Sieta en Imke
https://kfeasterein.nl/jongerein/keatskamp/