Opset doarpenkompetysje Wallball

De wurkgroep Wallball is fan plan in doarpenkompetysje op te starten foar Wallball.
Ynteresse? Sjoch ûndersteand foar mear ynformaasje!
 

  • Teams fan ferskate doarpen, ferienings as stêden spielje tsjinmekoar
  • Op tiisdei –as tongersdeitejûn, oanfang 19 oere, yn maaie, juny en july
  • By foarkar wurdt spiele op in  bûtenmuorre, mar as alternatyf kin ek keazen wurde foar in
    binnenmuorre
  • In team bestiet út minimaal 2 persoanen, der meie meardere teams fan ien feriening
    meidwaan
  • 3 wedstriden per jûn: 2 tsjin 2 en 2x 1 tsjin 1
  • Spielplakken: Seisbierrum, Sint Anne, Bitgum, Ljouwert, Grou, Wytgaard, Jirnsum, Marsum,
    Berltsum, Boalsert, Arum en Reduzum
  • Fanôf 16 jier
  • Opjaan fia wallball@knkb.nl foar 1 maaie
  • Foar fragen kin der kontakt opnaam wurde mei J. Siegersma (j.siegersma@upcmail.nl)
  • Foar mear ynformaasje sjoch op: http://www.knkb.nl/pageid=13375/articleid=14515/Opzet_dorpencompetitie_Wallball.html