Sukses op de Frouljus PC

Dit jier hiene we mar leafst 5 leden op de Frouljus PC. Roelie Kroondijk, Sietske Okkema, Tineke Dijkstra, Jeska Terpstra en Imke van der Leest. Twa fan de fiif froulju winne ek noch in priis. Jeska Terpstra wurd mei harren maten (Martzen Deinum en Anna-Berber Zeinstra) 3e. Imke fan der Leest wint de twadde priis. Foar Imke wie it har letste PC, nei 15 kear mei dwaan en ferskate priizen kin se weardich ofskie nimme.

 

Froulju, lokwinske!