Talitha Dijkstra – Jagersma

Yn memoriam
Oandien binne wy, no ’t ús trou lid, Talitha Dijkstra der net mear is. Mem fan Bauke Jan, Sanne Frouk, Fianne, Alien, Janieke en Dian en frou fan ús âld-foarsitter Tymen Dijkstra.
Nei jierren fan fjochtsjen en de oertsjûging dat se winne soe, hat se spitigernôch ôfrûne tiisdei belies jaan moatten. Talitha wie in belutsen persoan, stie posityf en bliid yn it libben. Se liet har net kenne en wie regelmjittich op de fjilden en yn de sporthal te finen. Oant it lêste momint wie se in trouwe supporter fan har bern by it follybaljen. Yn it ferline hat se jierrenlang stiper west fan KF Easterein. Fierders wie se gauris op ‘e fjilden om te sjen by de bern of om sels in baltsje te slaan. Ek hat se yn 2019 meispile yn ús jubileummusical “Kening op Sokken”.
Wy winskje Tymen, de bern en de famylje in soad sterkte ta.
Wat sille we har misse.