Teatswedstriid nei 18 maaie

De teatswedstriid foar moarn (11 maaie) giet NET TROCH.

 

Troch it minne (ferwachte) waar en te min opjefte (spitich) wurdt dizze wedstriid útstelt en sil no plakfine op 18 maaie.

 

Opjefte kin dus noch oant freed 16 maaie, 20:00 oere by opjefte@kfeasterein.nl 

 

Dus kom op, racket sykje en snein 18 maaie efkes meidwaan mei de 1e teastwedstriid yn Easterein!

 

 


 

Oan ús leden,

 

Snein 11 maaie ha wy in teatspartij. Foar de measten fan jimme sil dat wat nijs wêze. Mar it eins hiel simpel: teatsen is keatse mei in tennisracket en in luchtbal (strjitkeatsbal). Der wurdt ôfhinklik fan it oantal opjeften yn twa- of trijetallen teatst. Foarôfgeand oan it teatsen sille de spulrigels neier útlein wurde.

 

Wichtich is wol dat jim sels foar in racket soargje. Faaks is it handich om noch in ekstra racket mei te nimmen foar dyjinge dy’t net ien meinaam hat.

Opjaan kin oant freed 20.00 oere by Jikke Velzen ( opjefte@kfeasterein.nl  / 06-14406123)

 

Sjoch ek ris op http://www.teatsen.nl