Besite keatsmuseum op 9 april

kaatsmuseumWe ha in nije datum foar de besite oan it keatsmuseum. Dizze kear yn gearwurking mei KF Wommels.

 

Snein 9 april 2017 om 13.30 oere binne wy as KF Easterein en KF Wommels útnoege om it Keatsmuseum yn Frentsjer te besykjen.

 

It museum gjit dan spesjaal foar ús iepen en ôfhinkelik fan de dielname sille we yn groepen rûnlieden wurde.

 

De kosten binne €3,00 per persoan.

 

Elts soarget foar eigen ferfier. We sammelje om 13.00 oere by de parkearplakken fan De Skoalleseize. Op eigen gelegenheid mei fansels ek, it adres is Voorstraat 76 (it âlde ABN-AMRO gebou).

 

Opjaan kin oant en mei 4 april 2017 by Karin Sjaarda via leden@kfeasterein.nl

 

 

Wy hoopje op in protte belangstellenden en oant 9 april!