Wolkom op ús nije website!

 

Yn de foarjiersgearkomste foar de leden fan keatsferiening Easterein op 28 maart 2012 wie it om 22.00 safier! We koenen de nije website presintearje!

De waard earst efkes werom sjoen en we begûnen dêrby yn maart 2004…

 

De start…

Yn maart 2004 seach de earste website fan keatsferiening Easterein de wrâld en de wrâld seach de website!

Oanlieding foar in website wie fansels it 100 jierrich jubileum yn!

Fan maart 2004 oant maart 2012 trouwe tsjinst!

 


 

It earste nijsberjocht…

Nijs / Nieuws / News

Sponsoravond K.F. Easterein (29-4-2004)

Vrijdag 19 april organiseerde keatsferiening Easterein een sponsoravond. Vrijdag 19 april werden de super-, hoofd-, co- en subsponsors van het jubileum in 2004 ontvangen voor een sponsorbijeenkomst.

Het programma bestond uit een presentatie door de kaatsvereniging en een presentatie door onze hoofdsponsor Rabobank Sneek-ZuidwestFriesland.


 

It lêste nijsberjocht…

 

Nijs / Nieuws / News

Friesland cup of Greidhoekekompetysje

(19-3-2012) Ja, sa komt de KNKB ek mei in soarte fan kompetysje. Moatte we no in kar meitsje tusken de Greidhoekekompetysje en de Friesland cup.
Sjoch foar mear ynformaasje op KNKB.nl Friesland cup


 

 

De âlde site…

De âlde site kaam ta ús fia de KNKB dy mei NOC*NSF oerienkommen wie dat de KNKB en har ferienings de websitegenerator koenen brûke dy men foar de fuotbalsport makke hie.

Wergea en Easterein wienen de ferienings die de websitegenerator brûkt ha.
Wergea hat yntusken (ek) in eigen site…

 

De NIJE site….

Walter en Richard Miedema fan DJTS ha mei harren bouwer ús holpen oan in nije website! En hja begeliede ús ek de kommende tiid. Der is in wurkgroep yn it libben roppen: Froukje, Jikke, Elske, Wiepkje, Anke Marije, Carin, Anco en Klaas en dy ha drok dwaande west de ôfrûne moannen!

 

Werom nij?

Keatsferiening Easterein is in feriening mei ambysje, sukses en in geweldige útstrieling. Der heart in ynstrumint by om dat te toanen!

De âlde website foldie net mear oan de hjoeddeiske easken en winsken.

Ek de sosjale media spilet dêrby in rol fansels!

 

Woansdei koe dan it earste risultaat oan de leden presintearre wurde!

En binne we it seizoen 2012 yn de loft!

 

 

We binne noch net klear!

De kommende tiid (dagen, moannen, jier?) sil de website earst foarsjoen wurde fan alle ynformaasje foar it seizoen 2012.

Derfoar wurde de kommisje frege om materiaal en tekst te leverjen.

Mar ek sille der yn de rin fan de tiid nije saken op de site ferskine! Te tinken falt oan in nijsbrief, opjefte fia de site, de jongereinhoeke wurdt ynrjochten, ensfh. En fansels sille we de histoaryske saken fan de âlde website ek oersette moatte. Der nimme we ús tiid foar!

Dat bliuw de site folgjen! En ha jimme Nijs, suggestjes as oare keatssaken, stjoer ús dan in berjocht. Mail nei webbehear@kfeasterein.nl!

 

De âlde stie is noch wol te besjen: www.verenigingen.sport.nl/knkb/kfeasterein, mar sil net mear foarsjoen wurden fan nije ynformaasje!