02-06-2013 – Alder-bernpartij

Muorrekeatsballen en bitterballen op de âlderbern party!

 

Soe it wat wêze om 1x yn it jier te keatsen sûnder dat je in krans as in priis winne kinne?

 

Keatse mei je heit as mem (as iets wat der op liket) gewoan foar de geselligens? Is dat wol leuk??

 

No de bern en de âlders fan KF Easterein ha it hjoed bewezen dat dat seker leuk wêze  kin!!

 

20130603 Alderbernparty2 lyts

(KLIK op de foto foar grutter eksimplaar!)

 

It waar wie ús op de hân dizze edysje fan de âlderbern party en mei 28 partoeren yn totaal hiene we 3 moaie ferskillende listen by alle kategoryen. Der koe lekker ûntspannen keatst wurde wer by foaral de bern it wurk dwaan moasten (foarbest op en foaryn) en de âlders ter ondersteuning wiene. Al fielde dat foar eltsenien miskien net sa….:-)

 

 

Der waard 3 x 20 minuten keatst,  sadat der tusken de partijen troch ek genôch tiid wie om te boartsjen, te fuotbaljen, te kleurjen as yn de sânbak (de bern) of om lekker fan it sintsje te genietsjen en even by te praten mei de oare âlders. It jild wat oars brûkt waard foar de kransen en prizen hiene we nuttig besteed foar de ‘ynwendige minsk.’

 

 

Foar alle bern wie der limonade, ysko’s en chips. Foar de âlders kofje, thee, borrelhapkes en nei de tiid foar eltsenien nog bitterballen. De woarst, tsiis en de komkommer wie beskikber stelt troch Jumbo Wommels, best genôch! Nei ôfrin wie der foar alle bern nog in leuke herrinering oan dizze party yn de foarm fan in echte muorrekeatsbal, sadat der thús ek omraak oefene wurde kin.

De KNKB hie hjir in oantal fan ter beskikking stelt oan. Ek wer best genoch!  By in goeie ynboedelfersekering kin der sels ek tsjin de muorren yn’e hús brûkt wurde….

 

 

Al mei al fûnen wy it as jeugdkommisje it tige slagge dei. Oankommende woansdei ha we wer in ledenpartij en dan binne der wer kransen en prizen te ferkeatsen en helje we de bitterballen wer fan de list!

20130603 Alderbernparty1 lyts

(KLIK op de foto foar grutter eksimplaar!)