04-06-2014 – Lustrum Jongerein

Keatsferiening Easterein bestiet 110 jier en dat is fansels reden ta in feestje!

 

Mar leafst 3 dagen sil der feest fiert wurde op de fjilden fan de Skoalleseize, te beginnen woansdei 28 maaie mei in ledenpartij foar ús bern. Der wiene moaie listen gearstalt, moaie prizen en kransen besteld en ek de fjilden leine der prachtig by. Alle yngrediïnten wiene der om der in prachtige keatsdei fan te meitsjen. Neat koe ús feestje mear yn de wei stean….toch? Mar der is 1 faktor die je net yn de han hawwe….it waar!

 

Mei bakken kaam it fan boppe dizze woansdei de 28e, dat wy as Jeugdkommisje koene net oars dan de party útstelle. Earst nei letter op de middei, mar ek doe die blyken dat der nog net genôch wetter fallen wie, want it bleaun mar reinen. Dus de “koppen” byelkoar en opsyk nei in nije datum. Woansdei 4 juni, der wie nog in gatsje yn ús drokke agenda’s.

Dus sa kaam it dat wy mei de jeugd de lustrumfeesten mei in wike ferlingden. En ek no hiene we wer dyselde moaie prizen, moaie kransen en prachtige listen en…it wie droech om 13.30!

 

Kabouters

By de kabouters keatsten we yn 3-tallen en der hiene we 4 partoer. Sa koene se elts 3 x keatse en allegear in kear tsjin elkoar. Nei 2 omlopen wie it partoer fan Liset Sijbesma, Nyka Ottens en Nienke Zijlstra en in partoer fan Jesper Paauw, Fianne Dijkstra en Jorrit Stap dat beide partijen wûn hie.

 

De winnaar fan harren party hie dan de beste papieren foar de krans en dat hiene de bern sels ek wol goed yn de gaten! In tige spannende partij, mei alle earsten oan de hang. Mar yn it leste earst wie it partoer fan Liset, Nyka en Nienke dat krekt oan it langste ein luts. De krans dus foar dizze 3 dames!

 

Jesper, Fianne en Jorrit waarden knap 2e en mochten krekt as de 1e priis winners ek in prachtig houten tillegraafke yn ûntfangst nimme. In earfol applaus wie der nog foar de partoeren fan Jesse van Krimpen, Ridzert Veldman, Tjitske Joustra en Anke Blanksma, Geertsje van der Weide en Jorn Hiemstra.

20140604 LustrumJongerein 1Kabouters

Welpen

By de welpen waard der foar it earst yn twa klassen keatst. In A en B klasse. 4 pertoer yn’e A klas (8jonges) en 6 pertoer yn’e B klas. It wie allegear aardich oan elkoar weage yn ‘e A klasse, prachtige moaie partyen. De tredde party wie de finale.

 

Dy gong tusken Rutger Sijbesma en Tjalle Durk van der Eems tsjin Redmer Wiersma en Niels Hiemstra. In prachtige finale: 5-5 6-6. Mei moai tuskenspul sloech Redmer de bal boppe. De krâns wie foar Redmer Wiersma en Niles Hiemstra. In moaie twadde priis foar Rutger en Tjalle Durk.

 

Yn de B klasse wiene der 3 pertoeren dy’t trije kear wûn hiene.

De 1e priis wie foar Thijs Janssen en Benthe Ottens 21 foar en 6 tsjin

De 2e priis wie foar Daniël van der Weerdt en Marije Hiemstra 21 foar en 11 tsjin

De 3e priis wie foar Janneke Overal en Jildert Hiemstra 21 foar en 12 tsjin

20140604 LustrumJongerein 2Welpen

Pupillen

By de pupillen wiene 4 pertoer. Dat betsjutte 3 kear keatse. Foar de wedstriid hiene wy as JK oanjoun de gong der yn te hâlden want de buienradar foar spelde net folle goeds.
Yn de 1e omloop gong it tusken de pertoeren van Machtelt Veltman , Marrit Hiemstra en Nynke Paauw, Halbe Willem Overal lyk op. It koe beide kanten op mar it pertoer fan Machtelt wûn dizze party mei 5-5 6-6.

 

Broer en zus Reijnhoudt stiene mei harren keatsmaat tsjin inoar yn’e krite. Dêr wûn it pertoer fan Bauke Reijhoudt, Nadja Sixma en Jan Joustra it fan Amber Reijhoudt en Tessa Ottens mei 5-2 6-6.

 

De twadde list moast efkes stillein wurde y.f.m it reinwetter. Mar it waard wer wat droecher dus mar gau wer fierder keatse.

 

Nei 3 listen ferkeatst te hawwen binne 1e wurden Machtelt Veltman en Marrit Hiemstra mei 21 pnt. En 2e binne wurden Nynke Paauw en Halbe Willem Overal mei 19 pnt

20140604 LustrumJongerein 3Pupillen

Skoalbern

Om 5 oere koene de skoalbêrn los. We hiene 6 pertoer sadat se 3 kear keatse koene. Nei de 1e list ha we mei syn allen patat iten, wat Jan Bouke en Mattie foar ús klear makke hiene. De opgroeiende jeugd kin altiid wol ite. Mar omdat der min waar oankaam moasten we sadra it lêste stikje patat efter de kiezen wie begjinne mei de twadde list. Dat gong bêst. Der waard sportief keatst.

 

De tredde list moast efkes stil lein wurde fan wege de rein dy’t mei bakken út de loft kaam. Dit wie in moai momint foar in ysco dy’t se fanwege it 110 jierrich jubileum krigen.
Al reinde it noch al , der moast wol wer troch keatst wurde want it waar al wat tsjuster. De party tusken Rutger Wiersma en Rimmer Kamstra tsjin Selma de Boer, Mirjam Punter en Jeljer Overal wie spannend. Der kaam alles oan’e hang, mar de winst wie foar Rutger en Rimmer.

 

De 1e priis wie foar Jeska Terpstra, Julia Paauw en Tjalling Tjalsma mei 21 earsten foar en 5 tsjin. De 2e priis wie foar Corrie Kroondijk en Hendrik van der Eems mei 21 earsten foar en 6 tsjin. 

 

Mei tank oan de wedstriidstiper : Autoschadeservice van Krimpen en de jubileumstipers koene de priiswinners dizze dei mei in moaie houten telegraaf nei hûs.

20140604 LustrumJongerein 4Skoalbern