29-05-2014 – Lustrum Senioaren

Op tongersdei 29 maaie (Himelfeart) wienen de senmioaren oan bar foar harren lustrumwedstriid. Mei acht partoeren by de froulju en tolve partoeren by de manlju hienen we in grutte dielname en twa moaie listen.

 

De dielnimmers en ek oare gasten koenen har nei de 1e omloop ek nochris kulinair fermeitsje mei it moaie en hearlike buffet fan Noflik Easterein. It buffet waard oan de keatsers/keatsters oanbean troch Noflik Easterein, Couperus Hydrauliek, Leanbedriuw Okkema, Drukkerij van der Eems, Bos Mechanisatie en de Gebr. Vellinga.

 

De prizen wienen fersoarge troch de JUMBO en omdat it it lustrumjier is ek noch ekstra fult en ferpakt yn prachtige kuorren.

 

Nei’t de foarsitter fan de Lustrumkommisje, Tjeerd Dijkstra, de dei iepene op dizze ledepartij, stipe troch Autobedrijf Witteveen & Brouwer út Easterein, koenen de froulju en manlju los.

 

 

FROULJU

Der waard keatst mei de sêfte bal. De ferskillen binne dan minder grut tusken de wat âldere en de jongere froulju. Der waard dan ek fûleindich flein yn it fjild en yn Easterein sille se ek wol wat balten heart ha. Der wienen 8 partoer en der waard keatst mei in gewoane list.

 

Yn de earste omloop wie ien partij mei 5-1 en de oaren gienen lykop. De finale fan de ferliezers waard keatst tusken partoeren 3 en 8. Partoer 8 wûn dit mei 5-5:6-6. Dat betsjutte dat Sietske Poelsma, Dian Dijkstra en Jeltje Hallema mei de earste priis ferliezers nei hûs ta gien binne.

 

Yn de winnersronde waard de finale keatst tusken partoeren 1 en 7. Partoer 1 wie wat sterk en wûn mei 5-4:6 2.
Janieke Dijkstra, Mattie Dijkstra en Pep de boer hienen de twadde priis en Gerry Edou en Tineke Kamstra krigen de krâns omhongen. Sy wienen it sterkste dizze dei.

20140529 LustrumSenioaren Froulju1

1. Gerry Edou Mollema en Tineke Kamstra

20140529 LustrumSenioaren Froulju2

2. Pep de Boer, Matie Dijkstra en Janieke Dijkstra

20140529 LustrumSenioaren Froulju3

3. Sietske Poelsma, Jeltje Hallema en Dian Dijkstra

 

 


MANLJU

By de manlju keatsten we gewoan mei de learen keatsbal. In moaie list fan 12 partoeren, wêrfan trije twallen. No woe it gefal dat ien fan dy twatallen EN twa goede keatsers wienen EN bruorren EN ek nochris de krânsen wûnen.

Der wienen yn de 1e omloop in soad spannende partijen, trije kear 5-5. De meast iensidige partij waard 05 en dat kaam, sa we hearden foaral om’t net ien fan de trije de bal faak genôch yn it perk wist te krijen.

 

Yn de ferliezersronde waar it in finale tusken Jan Simon Jelsma, Sipke Hiemstra en Hendrik Okkema tsjin Stefan vd Weg, Tjeerd Dijkstra en Gep Bakker. Stefan endy wûnen mei 5-2:6-6 en hienen de 1e priis.

 

Yn de heale finale fan de winnersronde gie it tusken Gert Jan Hiemstra, Ype Tiemersma en Mebius de Boer en Marco Hoekstra, Hans Kooistra en Bauke Jan Plantinga. De finale wie foar Marco endy nei winst mei 3-5:6-6.

Yn de finale wachtte it partoer fan de bruorren de Boer. Ewout en Erwin. Dizze twa sloegen goed op en út en liken op de winst ôf te gean. Mar de taaie mannen oan de oare kant soargen derfoar dat alle blokjes oan de tillegraaf kamen. Op 5-5:6-6 waard foel de lêste slach yn it foardiel fan de bruorren de Boer.

20140529 LustrumSenioaren ManljuW1

1. Ewout de Boer en Erwin de Boer

20140529 LustrumSenioaren ManljuW2

2. Marco Hoekstra, HAns Kooistra en Bauke Jan Plantinga

20140529 LustrumSenioaren ManljuW3

3. Gert Jan Hiemstra, Ype Tiemersma en Mebius de Boer

 

Ferliezersronde

20140529 LustrumSenioaren ManljuF1

1. Stefan vd Weg, Tjeerd Dijkstra en Gep Bakker

20140529 LustrumSenioaren ManljuF2

2. Jan Simon Jelsma, SIpke HIemstra en Hendrik Okkema