09-06-2013 – Famkes A+B

A klasse famkes

20130609 Easterein FamkesA

We hiene 4 partoer by de A klasse famkes dy’t yn in poule keatsten. Nei 3 omlopen kamen Anouk Tolsma (Dronryp), Sjanet Wijnia (Wommels) en Ilse Tuinenga (Berltsum) ta 21 earsten foar en 10 earsten tsjin en wûnen de krânsen hjirmei. De 2e priis waard wûn troch Jildou van Dijk (Minnertsgea), Louise Krol (Ie)en Sandra Hofstra (Wjelsryp).  Sy hiene 18 earsten foar en 12 earsten tsjin.

 

 

B klasse famkes

20130609 easterein famkesb

Yn de ferliezersronde fan de B klasse famkes waarden de prizen ferdield tusken Akkelyna de Haan (Wier), Fenna Kramer (Winsum) én Lotte Delgrosso (Marsum), Jeske de Boer (Akkrum). Nei in spannende finale, 5-4/6-4, wie de 1e priis foar Lotte en Jeske en gie de 2e priis nei Akkelyna en Fenna.
Mintje Meinema (Dronryp), Martzen Deinum (Wommels) en Leila-Janneke Moufakkir (Reduzem), Anne Monfils (Kimswerd) stiene yn de finale fan de winnersronde. Mintje en Martzen wûnen dizze mei 5-4/6-2. In 3e priis wie der foar Rixt Keuning (Wiuwert) en Angela Donga (Hallum).