09-06-2013 – Froulju 1e klasse frije formaasje

20130609 Easterein Froulju1eklas

Yn de winnersronde wie de 1e priis foar Rianne Vellinga (Frjentsjer), Marike Beckers (Boalsert), Miranda Scheffer (Menaam) en Ilse Noorman (Mantgum), Martine Tiemersma (Easterein), Margriet Bakker (Grins). Mei 5-3:6-4 wûnen Rianne Vellinga c.s. dizze striid. In 3e priis wie der foar Sanne Velsma (Grins), Mariska Hoogland (Bitgummole) en Anke Marije Pompstra (Wommels).

 

De finale yn de ferliezersronde by de 1e klasse froulju gie tusken Evelien Westra (Bitgummole), Hermine Sytema (Deinum), Janneke Terpstra (Wolsum) en Tineke Dijkstra (Easterein), Judy Bergsma (Wommels), Marije v/d Meer (Grins). Evelien Westra c.s. lutsten hjiryn oan it langste ein troch te winnen mei de sifers 5-1:6-2.

20130609 KNKB Easterein2

20130609 KNKB Easterein1

Trije fjilden beset mei allegear frijwiligers! Tige tank! En ek it moaie terras waard folop brûkt troch publyk en keatsters

20130609 KNKB Easterein3

De trije skiedrjochters fan hjoed, swagers fan elkoar. Rene Velzen, Ype Tiemersma en Tjeerd Dijkstra. Klasse mannen

Al mei al in tige slagge keatsdei yn Easterein, mei tank oan de stipers Accon AVM en VEBO tsiis.