09-07-2016 – Teatsen mei TV Smash

Teatsen KF Easterein & Tennisferiening Smash

Hjoed wie de twadde kear teatsen by KF Easterein. Mar dit kear yn gearwurking mei de Tennisferiening Smash. Gelokkich wie d’r wer in sponsor ree fûn om dizze wedstriid te stypjen, Tiige tank MRW Accountants út Snits! Om twa oere koene alle partoeren los en d’r diene fjirtjin dielnimmers mei. Under moai waarsomstannichheden binne we los gongen, helaas waard dat letter wat minder… Alle tenniss(t)ers fan Smash waarden keppele oan in keats(t)er fan KF Easterein. D’r waard fanatyk teatst. Oant de lêste wedstriid wie it spannend foar wat oanbelanget de krânse en de oare prizen. Nei in telling fan de lêste earsten waard beslikke wa oft de tredde of de fjirde priis hie. Úteinlik is Jetske Sieperda ( 17 foar, 10 tsjin) fjirde wurden en Marco Rypkema (17 foar, 10 tsjin) tredde. De twadde priis wie foar Klaske Plantinga (17 foar, 9 tsjin)en in tennisser is de winner wurden fan dizze partij, dat is nammentlik Jan Galama (21 foar, 8 tsjin). Alle priiswinners lokwinske en genietsje fan jimme lekkere priis.

20160709 EastereinTeatsen