10-06-2012 – Famkes troch-inoar-lotsjen

20120610 EastereinFamkesTil

Neidat de TC harren ynbring hân hiene en der in moaie list fan 9 partoeren lotte wie, gie dan ek de famkes t.i.l. los. Klupskiedsrjochter Wiepkje Hiemstra seach in earste omloop mei grutte ferskillen sadat nei in oere it tredde fjild opromme wurde koe en dernei alle famkes yn ien fjild keatse koenen.

 

De finale wie in partij tusken de partoeren fan Marte Altenburg, Anja Kuik en Margaretha Terpstra en Ilse Tuinenga, Akkelyna de Haan en Nyncke Pytsje Terpstra. Ilse c.s. winne úteinliks de finale troch mei 5-3 en 6-6 te winnen en dêrmei wie de twadde priis foar Marte c.s. Der wie ek noch in tredde priis foar it partoer fan Alina Brandsma, Anne Nieke Bergsma en Melissa Rianne Hiemstra. Sy ferlearen yn de heale finale fan de úteinlike winners, Ilse c.s.mei 5-3 6-2.

 

Utslach famkes t.i.l.: 1e priis Ilse Tuininga, Akkelyna de Haan en Nyncke Pytjse Terpstra 2e priis Marte Altenburg, Anja Kuik en Margaretha Terpstra 3e priis Alina Brandsma, Anne Nieke Bergsma en Melissa Rianne Hiemstra

 

Alle frijwilligers wurde noch ris tige tank sein foar harren ynset. En fansels Couperus Hydrauliek út Easterein, stiper fan dizze moaie partij!