14-07-2012 – 34 ste Okkemapartij

De 34e Okkema partij is ferkeatst. De partij wie foar it earst  iepenstelt foar alle federaasjes yn Fryslân. Dit smiet in list op fan 33 partoer yn fiif klassen. Manlju A, B, C en froulju A&B. Werby’t de froulju B troch inoar lotsjen wie en de oare klassen frije formaasje.

 

Under werklik prachtige waarsomstannichheden waard begûn om 12 oere. In hearlik sintsje derby  en in bytsje wyn makke dat alles der moai by lei. De fjildenman hie it moarns noch al drok hân. Tsjin alle ferwachtings yn wie de wyn nammentlik 180 graden omgien en dat makke dat it hiele fjild om moast. Mar sa as sein, it lei der om 12 oere prachtich by.

20120714 Okkemapartij4 (KLIK op de foto foar in fergrutting!)

 

By de manlju A waard in list mei 7 partoer ferkeatst. It partoer  fan Sybrand v/d Wey, Freerk Terwisscha van Scheltinga en Marten Faber naam it op tsjin Danny Roos, Stephan v/d Weg en Frits Hoekstra. Mei alles oan ‘e hang wiene it ‘Sybrand en dy’ dy’t de winst pakten. Sy kamen op de 2e list Feite de Haan, Tjipke Klaas Okkema en Gerrit Flisijn tsjin. Dizze mannen wiene in maatsje te grut en wûnen de partij mei 5-3 6-4.

 

Feite, Tjipke Klaas en Gerrit stiene dermei yn ‘e finale tsjinoer de knap keatsende Jelle Scharringa mei syn maten Fokke Jan Kooistra en Meindert Attema. Dizze mannen koene it net risse en wiene út keatst. In soad foutsjes makken dat Feite, Tjipke Klaas en Gerrit mei skjinne fiif earsten en 6-4 de winst pakten yn de A-klasse.

20120714 Okkemapartij1

 

Yn de B-klasse stienen 14 partoer op de list. Dermei 4 prizen foar de winners en 2 foar de ferliezers. Alle partoeren wiene goed oan elkoar weage. Eddy de Boer, Anne Bakker en Marco Hoekstra stiene tsjin Arjan Hallema, Anno Galema en Wietse Fopma op 5 earsten gelyk, 6 gelyk. Eddy moast opslaan en witst mei in knappe sitbal de winst te pakken. Op de twadde list kamen se der net oan te pas en ferlearen fan Rene Velzen, Watse Zeinstra en Christian Hoekstra mei 5-0 6-2.

 

Op de 2e list stiene ek Simon Dijkstra, Bertus Bootsma en Johan v/d Wal tsjin Tjeerd Dijkstra, Stefan van Krimpen en Jan Weijer te keatsen. Dizze partij waard troch in moai boppeslach troch Bertus beslikke op 5-5, 6-6. Troch ek de winst te pakken op de tredde list kamen Bertus en dy yn ‘e finale te stean tsjinoer Skelte Hofstra, Klaas Kramer en Jan Fokke Mulder.

 

Dit waard in spannende partij dy’t einige yn 5-4, 6-2 foar it partoer fan Skelte Hofstra. In knappe prestaasje! Yn de finale fan de ferliezersronde stie it  partoer fan Gerrit Terpstra, Hendricus Tacoma en Gerrit Evert Tacoma tsjinoer it partoer fan Geert Couperus, Klaas Kamstra en Simon Kingma. In prachtige partij wêrby it lang beide kanten út koe.  It partoer fan Gerrit wie úteinlik it sterksten wûn mei 5-4, 6-6.

 

 

Yn de C-klasse stienen 4 partoer op ‘e list dy’t yn in poule keatsten om twa prizen. Ek yn dizze poule it partoer fan de haadstiper fan dizze partij, Tjerk, Hindrik en Tjipke Okkema. Yn ‘e earste omloop wûnen se knap fan Rink Kuipers, Harmen van Gelderen en Thijs Bijma mei 5-2, 6-6.

En ek op de twadde list diene se knap saken tsjin Broer de Jong, Ulco de Boer en Geert Dozeman en wûnen mei 5-2, 6-2. Op de tredde list kamen se tsjin it oerdeeglik keatsende partoer fan Tjeerd de Boer, Roel Sijbesma en Age v/d Goot. Dit koene de Okkema’s krekt  net risse en ferlearen mei  5-5, 6-2. Yn de poule waarden Tjeerd, Roel en Age earste en Tjerk, Hindrik en Tjipke twadde.

20120714 Okkemapartij3

 

By de Froulju A ek fjouwer partoer op ‘e list dy’t yn in poule keatsten om twa prizen. Nei trije omlopen keatsen kaam it sa út dat der twa partoer op 18 foarearsten stiene en 11 tsjinearsten. Om’t dit net sa faak bard, hat it bestjoer de regleminten der op nei slein. Der stiet yn dat dan it ûnderlinge resultaat bepalend is. En om’t Hester Kingma, Gerry Edou Mollema en Gabriele Bouma yn earste omloop mei 5-4, 6-6 wûn hiene fan Lysbet Bakker, Marijke de Boer en Sietske Okkema, wûnen sy de krâns en wiene Lysbet-en-dy knap twadde!

20120714 Okkemapartij2

 

Yn ‘e B-klasse wiene der 12 froulju troch inoar lotte. Ek sy ferkeatsten in poule. It sterkste partoer wie dat fan Mattie Dijkstra, Tettje de Boer en Geeske Couperus. Se ha der flink foar keatse moatten mar mei de measte foarearsten wûnen se.

 

It partoer fan Sieta Tessemaker, Sanne Rixt Jorritsma en Jeltje Hallema hie 14 foarearsten mar ek 14 tsjinearsten. It partoer fan Petra Jellema, Dieuwke Kooistra en Martine Kooistra hie 14 foarearsten en 13 tsjinearsten. En it partoer fan Arjanne Schaafsma, Marjan Flapper en Iris Bergsma hie 14 foarearsten en 12 tsjinearsten. Se waarden dermei twadde.

 

 

En dermei is de 34e Okkema-partij in feit. In prachtige keatsdei mei in gemoedlike sfear rûn it fjild mar ek derop. In sfear dy’t sa typearjend is foar it keatsen yn Easterein. We hoopje dan ek dat der noch minstens 34 Okkema-partijen folgje!

Manlju A frije formaasje    
1e priis 2e   priis  
Feite de Haan Fokke Jan Kooistra  
Tjipke Klaas Okkema Meindert Attema  
Gerrit Flisijn Jelle Scharringa  
     
Manlju B frije formaasje    
1e priis 2e   priis 3e   priis
Skelte Hofstra Simon Dijkstra Bokke v/d Brug
Klaas Kramer Bertus Bootsma Lieuwe Jan v/d Brug
Jan Fokke Mulder Johan v/d Wal 3e   priis
    Rene Velzen
    Watse Zeinstra
    Christian Hoekstra
     
Manlju C frije formaasje    
1e priis 2e   priis  
Tjeerd de Boer Tjipke Okkema  
Roel Sijbesma Tjerk Okkema  
Age v/d Goot Hindrik Okkema  
     
Froulju A frije formaasje    
1e priis 2e   priis  
Hester Kingma Lysbet Bakker  
Gerry Edou Mollema Marijke de Boer  
Gabriele Bouma Sietske Okkema  
     
Froulju B t.i.l.    
1e priis 2e   priis  
Mattie Dijkstra Arjanne Schaafsma  
Tettje de Boer Marjan Flapper  
Geeske Couperus Iris Bergsma