11-09-2016 – Stiperdei

Troch middel fan de jierlikse stipers-dei sette wy ús stipers yn it sintsje troch in gesellige keatsdei te organisearjen mei hjir en dêr wat lekkers en fansels om by te praten.

 

Ofrûne snein wie it wer safier! Om 12 oere waard elk ûntfongen mei sop en broadsjes. Nei’t Dirk-Yde de dei offisjeel iepene hie koe it spektakel los gean. Keatse mei de sêfte bal yn 3 ferskillende listen, dit leveret oer it algemien moai tuskenspul en in protte draverij op. Mei de hege temperatueren wie dit dreech genôch! Wat waard der mei nocht en wille keatst én hjir en dêr dreunen samar wat talinten nei boppe! Miskien kinne we wat nije leden begroetsje?!

 

De 1e omloop duorre lang! Der wie in partij by dy’t hast 2 oeren duorre. Mattie Dijkstra, Jelle Wiersma tsjin Danny Roos, Monique Vellinga makken der in wiere slitaazje slach fan, úteinlik wûnen Danny en Monique mei 5-5:6-4. De oare keats(t)ers hiene dus rom tiid om harren op te laden foar de 2e omloop.

 

Yn dizze omloop in moaie wedstriid tusken de bruorren Okkema (Tjerk en Hendrik) tsjin Anco Elgersma en Tom Couperus. Nettsjinsteande dat de Okkema mannen net sa bêst opslaan kinne (neffens eigen sizzen) makken de manlju der in prachtige en spannende partij fan. Anco en Tom lutsen oan it langste ein en wûnen mei 5-4:6-2.

 

Yn de 3e omloop waard der noch hieltyd om raak keatst al wie der by inkelden ek te sjen dat se hast it ein yn ‘e bek hiene. Ek no wer in spannende en ûnderhâldende partij: Anco Elgersma, Hendrik Okkema, Marlous van Tuinen tsjin Jelle Wiersma (nije stiper!), Hille Meijer, Elisabeth Breeuwsma makken der in prachtige wedstriid fan. Hille lei noch op koers foar de krâns mar troch ferlies yn dizze partij gie die oan syn noas foarby. Anco c.s.  wûnen mei 5-5/6-4.

 

By de A maten in dúdlike oerwinning foar Jan Vellinga: hy hie 21 foarearsten en mar 1 tsjinearst! Danny Roos waard 2e mei 21 foarearsten en 9 tsjinearsten. In 3e priis wie der foar Abe Jan Stegenga, hy hier 18 foarearsten en 10 tsjinearsten. De oanmoedingspriis wie ek dúdlik…. Dizze wie foar Tymen Dijkstra mei 2 earsten foar en 18 earsten tsjin.

 

By de B maten ék in dúdlike 1e priiswinner: Ria Kingma wie de iennige dy’t alle partijen wûn. Mei 21 foarearsten en 8 tsjinearsten wie de krâns foar har. Hille Meijer wûn de 2e priis mei 19 earsten foar en 9 earsten tsjin.  Foar Hendrik Okkema de 3e priis, hy hie 18 foarearsten en 16 tsjinearsten. Tom Couperus ‘wûn’ de oanmoedingspriis, hy hie 8 earsten foar en 16 earsten tsjin.

 

Foar’t de prizen útrikt waarden rjochte Tjeerd it wurd oan de oanwêzigen om de sportyfe hichtepunten fan it ôfrûne jier troch te nimme. Altyd aardich om dit wer efkes te hearren; we ha in moai keatsjier hân mei, ûnder oare, prizen op NK’s en de manlju’s PC. Mei in hapke en in drankje waard der noch efkes tige gesellich neisitten.

 

Alle stipers: nochris ús tank foar jimme stipe it ôfrûne jier!!!

 

A maten

1e priis Jan Vellinga 21 foar-1 tsjin

2e priis Danny Roos 21 foar-9 tsjin

3e priis Abe Jan Stegenga 18 foar-10 tsjin

Oanmoedingspriis Tymen Dijkstra 2 foar-18 tsjin

 

B maten

1e priis Ria Kingma 21 foar-8 tsjin

2e priis Hille Meijer 19 foar-9 tsjin

3e priis Hendrik Okkema 18 foar-16 tsjin

Oanmoedingspriis Tom Couperus 8 foar-16 tsjin

20160911 EastereinStiperdei2

 

Winners keatsen Stiperdei

20160911 EastereinStiperdei