28-08-2016 – De Jongpartij+BBQ

Snein 28 augustus wie de lêste senioaren ledewedstriid fan dit jier. Dizze wurdt stipe troch ynstallaasje bedriuw de Jong.

 

We woene der as bestjoer in spesjaal tintsje oan jaan en dêrom wie der nei de wedstriid noch in barbecue foar de keatsers en oare belangstellenden. Foar de bern wie der in springkessen en ûnder it keatsen waard der ek noch mei prizen struit. Foar in boppeslach, sitbal, kweaslach en somtiden moast der en noch in koprol of hanstand by makke wurde. It waard sa in hiele gesellige keatsdei.

 

De opjefte foar de keatsers wie sa dat der by de manlju en froulju yn poules keatst waard. Nei trije omlopen, wêr it by de manlju oant it lêste earst ta spannend wie wa at mei de prizen der fan troch gean soe, wie de lêste ledewedstriid foarby en koene de prizen ferdield wurde. Al wie it wachtsjen wol op ien die lekker efkes nei hûs wie om ûnder de brûs te stean en fris en fruitich oan te skowen by de bbq.

 

Nei it lekkere fleis wat bakt waard troch René en Christian ha in pear froulju noch wat lotsjes foar it draaiend rêd ferkocht en sa gie hast elkenien wol mei in priis nei hûs. We hoopje dat we oare jier noch mear leden by de wedstriden sjogge. It wie in gesellige neisit mei muzyk fan ús DJ JBB.

 

Hjirûnder de útslagen:

 

Struiiprizen:

Manlju aksje

 

Tjeerd Dijkstra kweaslach

Dirk Yde Sjaarda boppe yn tuskenspul

Rémon Bouma boppeslach

Ype Tiemersma sitbal

Tymen Dijkstra boppeslach mei koprol

Harm Dijkstra sitbal mei hanstand

Bote Jellema retourslach yn it perk

 

Froulju aksje

 

Karin Sjaarda kweaslach

Wiepkje Hiemstra boppeslach

Wiepkje Hiemstra sitbal

Yvonne Terpstra sitbal

Yvonne Terpstra sitbal mei hanstand

Wiepkje Hiemstra boppeslach en om ekweapeal drave

Net fallen Boppeslach yn it tuskenspul

 

Froulju:

1e priis: Judy Bergsma, Karin Sjaarda

2e priis: Wiepkje Hiemstra, Dieuwke Kooistra

 

Manlju:

1e priis: Hans Kooistra, Harm Dijkstra, Wietse Vink

2e priis:Anco Elgersma, Peter Stuiver

 

20160828 DeJOngpartijBBQ1

 

20160828 DeJOngpartijBBQ4

 

20160828 DeJOngpartijBBQ3

20160828 DeJOngpartijBBQ2