11e Jong-Feinte

Woansdei 22 july 2015 giet de 11e Jong-Feinte los!Flyer JFP 2015

Oanfang: 10:00 oere

Lokaasje: Sportpark De Skoalleseize yn Easterein


Op dizze 11 edysje dogge 28 partoeren en 24 ferienings mei! Itselde oantal partoeren as yn it lustrumjier 2014 by de 10e edysje.

We binne as feriening tige wiis mei de opkomst fan safolle jonges en junioaren! Want úteinlik giet om de keatsers en it keatsen fan de Freule nei de PC! Op de list steane dan ek al 10 keatsers dy wis binne fan de PC 2015 yn Frjentsjer. En 4 dielnimmers oan de Jong-Feinte striide tongersdei 23 july foar it lêste PC-plakje.

Statistiken

Jaar 2005 2006 2007 2008 2009 2010 2011 2012 2013 2014 2015
Partoeren 26 24 26 26 26 24 27 27 25 28 28
Ferienings 23 20 23 23 24 20 20 26 20 24 24

Op de  11e edysje trije debutanten (ferienings): Boalsert 2, Nijewier-Metslawier-Easternijtsjerk en Grou

Alle 11 edysjes meidien: Dronryp, Easterein, Tsjummearum en Wommels

61 ferskillende ferienings ha meidien

Wol op NK Junioaren, mar net op Jong-Feinte: Hyum-Feinsum, Lekkum, Holwert, Stiens

Wol op Jong-Feinte, net op NK Junioaren: Boalsert 2, Easterein 2, Seisbierrum 2, Arum, Wytmarsum, Lollum-Waaksens, St Jakob 2, Achlum en Goaiïngea.

Sjoch foar alle ynformaasje by Jong-Feinte, ynformaasje

De list

In moaie list fan 28 partoeren mei (eilaas) al in kreaker fan in partij tusken twa partoeren dy beide as favoryt naam wurde meie foar de zege op de 11e Jong-Feinte. Partoer 17 St Jabik tsjin partoer 18 Seisbierrum-Pietersbierrum. Fierder is it in moaie list en we sille sjen welke 4 partoeren oan it ein foar de ’tinte’ steane!

Lieding

De lieding fan de Jong-Feinte op it fjild is yn hânnen fan Jenco Sieperda fan Wytmarsum en Johny Bergsma fan Minnertsgea.

Oare bysûnderheden

Radio Eenhoorn is presint! Fanôf 13:00 oere folget in live-útstjoering fan de 11e Jong-Feinte. Sjoch op http://www.radioeenhoorn.nl of folgje @Radioeenhoorn op Twitter of https://www.facebook.com/radioeenhoorn

Lykas ferline jier ha we dit jier ek wer in ‘razende reporter’. Dit jier sil Pieter van Althuis dit fersoargje. Bysûnderheden, ynterviews en oare saken sil hy presintearre! Hâld em yn de gaten op it fjild!

De Jong-Feinte is ek live te folgjen op dizze website (www.kfeasterein.nl), twitter (@KFEasterein) en Facebookside KF Easterein

En fansels alle oare parse en fotografen fan herte wolkom!

 

 We winskje alle dielnimmers in soad sukses en elk in moaie Jong-Feinte dei ta!