Sneon 12 july hiene we de Posthuma partij.
De opjefte wie net sa grut, bij de manlju 6 partoer en bij de froulju 4 partoer, dus der is foar keazen om te poule keatsen. Bij de froulju 1 poule en bij de manlju 2.
Om goed 12 oere binne we los gien, it wie prachtich moai waar (soms suver wat te waarm).
Manlju
Bij de manlju is der spannend keatst, in soad op 5 gelyk. Se wiene allegear aardich oan elkoar weage.
Yn de A poule wiene Bote Jellema en Klaas Kamstra as 1ste einige. Yn de B poule wiene dat Danny Roos, Tjeerd Dijkstra en Tjerk Okkema. De finale wie net sa spannend, se wiene al aardich útkeatst. It partoer fan Danny Roos, Tjeerd Dijkstra en Tjerk Okkema ha dan ek mei 5-1 wûn en bin mei de krâns nei hús ta gien.
Froulju
Bij de froulju wiene der 2 partoer die 2 kear wûn hiene, dan wiene (mem en dochter) Dian Dijkstra en Talitha Dijkstra en it partoer fan Mattie Dijkstra en Eefje Hiemstra.
De oare partoeren (Tineke Yntema, Jeltje Hallema, Riemy Kamstra en Sieta Tessemaker, Petra Jellema, Klaske Plantinga) koene doe op de 3de list ek net mear genôch punten helje om noch in priis yn ‘e wacht te slepen, dus der wiene al die hiene (troch it waarme waar) net safolle nocht mear om te keatsen.
Mar se hawwe doch trochsetten en it waard bij har ek noch tige spannend. De partij is einige mei 5-5 6-6 yn it foardiel fan Sieta Tessemaker, Petra Jellema, Klaske Plantinga.
De ‘finale’ tusken Dian, Talitha en Mattie en Eefje wie net sa spannend. Dian en Talitha wûnen dik mei 5-1 6-6.
We ha hjoed in prachtige keatsdei hân, mei tank oan ús stiper: Posthuma Skildersbedriuw.