16-08-2014 – Bos-partij

Kabouters

In prachtige keatsdei….droech oant de lêste omloop. Lokkich binne de bern net fan sûker en keatsten se dapper troch.

 

Der wiene 4 twatallen sa dat eltsenien 3 kear keatse koe. Liset Sijbesma en Geertje v.d. Weide , Ridzert Veldman en Fianne Dijkstra, Anke Blanksma en Jorrit Stap en as lêste twatal Jesper Paauw en Nyka Ottens. De partijen geane aardich lyk op. It is wol sa dat 2 pertoer der útspringe en beide de 2 earste omlopen winne.

 

De lêste omloop moast dûdlikheid jaan oer wa de prizen krigen. Die omloop wie dus de finale foar de twatallen Liset Sijbesma en Geertje v.d. Weide tsjin Jesper Paauw en Nyka Ottens. De partij wie snel dûdlik en Liset en Geertje gongen nei hûs mei de krans. Jesper en Nyka hiene de 2e priis.

 20140816 Bos1 Kabouters

 

 

De welpen keatsten ek dizze ledeparty wer yn 2 klassen. Sawol yn de A as B klasse wiene der 4 partoeren wêrtroch se 3 kear keatse koene.

 

Welpen A

By de welpen A waard der spannend en fel mar sportyf keatst. In soad earsten waarden behelle mei 6-6 gelyk. De finale gong tusken Arjen Stremler en Jelmer Brouwer tsjin Redmer Wiersma en Tjalle Durk v/d Eems. Beide partoeren hiene al 2 kear wûn.

 

It wie in spannende finale dy’t lyk op gong. Mar Redmer en Tjalle Durk wûnen de party mei 5-5 6-2 .

1e priis: Redmer Wiersma en Tjalle Durk v/d Eems

2e priis: Arjen Stremler en Jelmer Brouwer 

20140816 Bos3 WelpenA

 

Welpen B

Yn de B klasse waarden de measte punten behelle mei de opslach, mar geande wei de wedstriid waarden der stadich oan mear keatsen slein, sadat der wat faker wiksele wurde koe fan opslach en perk.

 

Troch alle 3 partijen te winnen wie de 1e priis foar: Benthe Ottens en Daniël v/d Weerdt.

De 2e priis mei 17 punten wie foar: Janneke Overal en Mirthe Overal.

 

20140816 Bos2 WElpenB

Pupillen/Soalbern

Trochdat der nochal wat bern nei de KNKB partijen gongen wie der net safolle opjefte by de pupillen en de skoaljeugd. We moasten dizze kategoryen dan ek by elkoar goaie om 12 bern te krijen. Mei 4 partuur fan 3 binne we los gongen. 2 parturen sprongen der yn de 1ste omloop al in bytsje út.

It partuur fan Hendrik van der Eems, Tessa Ottens en Marc Jansen wûnen mei 5-0 fan it partuur fan Sydrik Kooistra, Jelmer Overal en Amber Reijnhoudt en it partuur fan Rutger Wiersma, Halbe Willem Overal en Nadja Sixma wûnen ek mei 5-0 fan it partuur fan Tjalling Tjalsma, Rimmer Kamstra en Bauke Reijnhoudt. Yn de 3de omloop kamen Hendrik cs en Rutger elkoar tsjin.

“De finale” kinne we wol sizze want de winner fan dizze partij hie de krâns. It gong aardich gelyk op mar op 5-4 6-4 sloech Hendrik in sitbal. In moaie dei wêrby we krekt by de lêste earsten in snitter wetter krigen.

20140816 Bos4 PupillenSkoalbern