30-05-2014 – KNKB Haadklasse Froulju

Yn Easterein it lustrumjier fan it 110-jierrich bestean en de 10e edysje fan de Jong-Feinte. De Jong-Feintedei duorret noch efkes en sil op 23 july plakfine as bysûnder keatsbarren.

 

De woansdeis koe de lustrumwedstriid foar de jongerein net trochgean om’t der al in hiel soad wetter fallen wie yn de dagen derfoar, mar ek op de woansdeis sels is it amper droech west. Dizze wedstriid wurdt woansdei 4 juny ferkeatst.

 

De tongerdeis wie de lustrumwedstriid foar senioaren mei 8 frouljuspartoeren en 12 manljuspartoeren. In prachtich oantal dielnimmers en mei it hearlike buffet tusken de omlopen troch wie dit in moaie keatsdei. Allegear net te let nei hûs want de freed wie it grutte Federaasjedei! Dizze Federaasjedei sette útein mei de senioaren manlju en froulju om 10:00 oere. De dielname wie net grut mar moai genôch foar in aardige keatsdei. Der wienen 4 partoer manlju A en 6 partoer manlju C (mei trije froulju!) en 7 partoer froulju A.

 

By de jeugd oantemei 16 jier wie de opkomst geweldich! Der wienen 136 bern dy’t oan de Federaasjedei dielnamen yn 4 klassen (welpen, pupillen, skoalbern en famkes/jonges). Under de prima lieding fan de Federaasjekommisje mei harren frijwilligers waarden al dizze wedstriden (3 x lotsjen) flot ferkeatst en wienen der in soad prizen te ferdielen.

 

Wat prachtich om de jeugd sa entûsjast te sjen yn it fjild en ek dernei mei de priisútrikking. Dat de bern yn de gaten hat dat it in bysûndere keatsdei is, wie te sjen oan de sportive fûlens dêr’t mei keatst waard en faaks de blidens by winst en somtiden it fertriet by ferlies.

 

Mar hjoed yn Easterein wie elk winner! De goede tariedings fan de Federaasjekommisje yn gearwurking mei keatsferiening Easterein hat fertuten dien. IN noflike gearwurking mei in sportyf suksesfol resultaat!

 

Tige tank ALLEGEAR foar dizze prachtige keatsdei!

 

 


 

Healwei fjouwer oere begûn de haadklasse manlju en froulju. Yn de kantine draaide de presintaasje fan de lustrumjierren, dat begûn by 2004, it 100-jierrich bestean.

 

Yn 2009 kamen de manlju en froulju by ús op besite en doe wienen it Margriet Koelmans, Imke vd Leest en Bianca vd Veen dy’t de 1e priis, sokken fol mei euro’s, wûnen. Sjoch by Foartreflike keatsdei yn Easterein. Yn 2012 hienen we de Federaasjedei ek al yn Easterein. Doe wûnen Lisette Wagenaar, Leonie vd Graaf en Anke Marije Pompstra.

 

Dit jier in wat frjemde list, want no’t de ranking har bestean hat, wurdt it bylotsjen in aparte saak. Tiisdei hienen we troch it ôfsizzen fan Wiljo Sybrandy (blessuer) noch kontakt hân mei de KNKB sa’t Melissa Rianne HIemstra noch op de list koe komme en we de list kompleet hienen. Spitich wie it dêrom dat Rianne Vellinga net komme koe en we dus doch bylotsjen moasten.

 

De 1e omloop winne Marije vd Meer, Nynke Sybrandy en Harmke Siegersma it fan Iris vd Veen, Leonie vd Graaf en Annelien Broersma mei 5-0:6-6. Marije Hiemstra, Sjoukje Visser en Melissa Rianne Hiemstra winne it krekt fan Evelien Westra, Marike Beckers en Anke Marije Pompstra, 5-4:6-6 en Evelien wurdt bylotten by Imke vd Leest en Manon Scheepstra.

Nicole Hempenius, Klasine Huistra en Renske Terwisscha van Scheltinga ferlieze it fan Tineke Dijkstra, Esther Wagenaar en Fenna Zeinstra, 5-5-:0-6.

 

Yn de heale finales soargje Evelien Westra c.s. en Tineke Dijkstra c.s. derfoar dat der twa keatsters fan Easterein yn de finale komme te stean. Se winne respektyflik fan Marije vd Meer c.s., 5-3:6-2 en fan Marije Hiemstra c.s. 3-5:4-6.

 

De striid om de 3e priis wurdt wûn troch Marije vd Meer c.s. mei 5-1:6-2. Yn de finale is it ek net spannend. Imke en Manon soargje derfoar dat hja de krânsen pakke yn Easterein mei Evelien nei in winst fan 5-2:6-2 op Tineke, Esther en Fenna. Yn 2009 as Rypster de krânse yn Easterein en no wûn Imke as Eastereiner de krânse yn 2014.

 

De prizen bestienen út yn de klupkleuren stutsen sokken grôtfol euro’s en in tegoedbordje fan Noflik Easterein. sa’t se as partoer mei partners nochris út iten kinne yn Easterein.

In prachtige keatsdei dy’t let dien wie mar foar in hiel soad minsken mei willen en genietsjen is ferrûn. Keatsferiening Easterein wie grutsk dat se it de keatsers en keatsleafhawwers in moaie dei besoargje koenen!

 

1e omloop

1. Lisette Wagenaar c.s. – 2. Evelien Westra c.s. 4-5:4-6

3. Marije v.d. Meer c.s. – 4. Iris van der Veen c.s. 5-0:6-6

5. Marije Hiemstra c.s. – 6. Evelien Westra c.s. 5-4:6-6

7. Nicole Hempenius c.s. – 8. Tineke Dijkstra c.s. 5-5:0-6

 

Heale finale

2. Evelien Westra c.s. – 3. Marije v.d. Meer c.s. 5-3:6-2

5. Marije Hiemstra c.s. – 8. Tineke Dijkstra c.s. 3-5:4-6

 

3e priis

3. Marije v.d. Meer c.s. – 5. Marije Hiemstra c.s. 5-1:6-2

 

Finale

2. Evelien Westra c.s. – 8. Tineke Dijkstra c.s. 5-2:6-2

 

1e priis: Evelien Westra, Bitgummole, Imke v.d. Leest, Easterein, Manon Scheepstra, Frjentsjer

20140530 Easterein HaadklasseFroulju1epriis 

2e priis: Tineke Dijkstra, Easterein, Esther Wagenaar, St Anne, Fenna Zeinstra, Snits

20140530 AE HK Froulju2

3e priis: Marije v.d. Meer, Grins, Nynke Sijbrandij, Dearsum, Harmke Siegersma, Berltsum

20140530 AE HK Froulju3