19-06-2016 – Alder-bernpartij

In moaie keatsmiddei hjoed mei de âlder/bern party yn Easterein

Al in oantal jierren keatse wy dizze dei sûnder krânsen en prizen, mar foar de wille.

Sa kin elke âlder meidwaan, ek al ha se oare talinten dan keatsen. En dat makket de sfear sa’n dei tige ûntspannen en hiel gesellich foar jong en âld.

 

Wol 2 moaie stipers by dizze party, Fakwurk fan Jan Rinse Blanksma en Sandstra Mesthandel en Transport fan Bauke Sandstra. 

En harren stipers wurdt sa’n keatsdei brûkt foar in lekker bakje kofje, tee, limonade en foar lekkere hapkes tusken de wedstriden troch.

Ek meitsje we elk jier in moaie groepsfoto en dit leuke oantinken krije de bern letter noch fan ús. Sa wurdt it stiperjild brûkt op in oare, mar ek seker tankbere wize, wêrfoar tank!

We hiene in opjefte fan 24 partoer en troch wat te skowen mei de kategoryen hiene we in moaie list wer elkenien 3 x keatse koe. Gjin 3 spul is út, mar 30 minuten lang.

En as de waarsomstannichheden dan ek noch sa meiwurkje, makket dat wy werom sjen kinne op it in tige slagge keatsmiddei foar sawol de bern, de âlders en it publyk!

 

Jeugdkommisje KF Easterein

20160619 EastereinAlderBernpartij