12-06-2016 – Manlju 2e klasse ff

Under prachtige waarsomstannichheden waard hjoed de manlju f.f. 1e en 2e klasse ferkeatst. De 2e klasse stie ûnder lieding fan Sipke Hiemstra. In spannende keatserij makke dat de finale om 17.30 oere ut wie. Yn in list fan 16 partoer kamen partoer Elgar Boersma, Haye Jan Nicolay en Douwe Anema tsjin partoer Michiel Scheepvaart, Gerrit Jan Duiven en Roel Hoekstra inoar tsjin. It partoer fan Elgar Boersma c.s. wûnen yn de heale finale fan Sil Leystra, Ruben Eijzenga en Gideon Swanson. It partoer fan Michiel Scheepvaart c.s. wûnen yn in tige spannende heale finale fan Andre van Dellen, Jan Sipke Tuinman en Rick Poortstra mei 5-5 6-6. De finale gong yn de earste helte lykop, dernei lutsen it partoer fan Elgar Boersma c.s. oan it langste ein. Sy wûnen úteinlik mei 5-3 6-0.

20160612 EastereinManlju2eklas1

20160612 EastereinManlju2eklas2

Utslach:

1. Elgar Boersma, Haye Jan Nicolay, Douwe Anema

2. Michiel Scheepvaart, Gerrit Jan Duiven, Roel Hoekstra

3. Sil Leystra, Ruben Eijzenga, Gideon Swanson

3. Andre van Dellen, Jan Sipke Tuinman, Rick Poortstra