19-06-2103 – Boeregrouppartij

BOEROGROUP-PARTY

 

We hiene der as jeugdkommisje foarôf hast pine bûk fan , wat soe it waar dwaan dizze woansdei. Der waard tropyske temperaturen foarspelt mar ek dikke reinbuien mei kâns op ûnwaar. Mar niks fan dit alles barde. Wat wie it moai keatswaar oant yn’e jûn út.

 

Om 13.30 begongen we mei de 3 jongste kategoriën. De kabouters wiene 3 kear by in oare maat en keatsen dus foar hun eigen punten. By de B-maten wiene der 8 keats(t)ers en by de A-maten 6 dus wiene der by de B-maten 4 prizen en de A-maten 3. By de 4e priis wie it spannend want die hiene like folle foar as tsjin earsten. Doe moasten de punten dy’t helle wiene oan’t ein fan de party der ek nog by.

 20130619 Boerogroep Jongerein Kabouters1

Utslach A-maten Utslach B-maten

1e Niels Hiemstra

 1e Senay Sixma

2e Redmer Stegenga

2e Mirthe Overal

3e Gjelt Kempe 3e Nyka Ottens
  4e Liset Sijbesma

 

 

By de welpen wiene der 6 partoeren yn 2 poules. De striid lei der oan’t de lêste party noch iepen. It wie tige spannend mei sels 2 partyen mei “alles oan’e hang” . 2 partoeren hiene alle 3 partyen wûn en dus beide 21 punten foar mar de iene hie 6 tsjin earsten en de oare 8.

20130619 Boerogroep Jongerein Welpen 

Utslach:

1e Redmer Wiersma en Marrit Hiemstra

2e Nynke Paauw en Tessa Ottens

3e Rutger Sijbesma en Thijs Janssen

 

 

By de pupillen wiene der 4 partoeren en koene se 3 kear keatse. Ek hjir ien party mei alles oan’e hang. De oare partyen wiene minder spannend.

20130619 Boerogroep Jongerein Pupillen

Utslach:

1e Hendrik van der Eems en Halbe Willem Overal

2e Corrie Kroondijk en Bauke Reijnhoudt

 

 

Om 17.00 koe de skoaljeugd los, dêr ek 4 partoeren dy’t elts 3 kear keaste koene. Der wie 1 partoer die 3 kear wûnen en de krâns mei nei hûs nimme koene.

20130619 Boerogroep Jongerein Skoalbern

Utslach:

1e Jildou Couperus en Rutger Wiersma

2e Kees van der Horst en Julia Paauw

 

 

Mei tank oan de sponsor BOEROGROUP en de frijwilligers wie it in slagge keatsparty.

Groetnis Jeugdkommisje