22-06-2013 – Posthumapartij

By de manlju kamen Hotze Jellema en Simon Kingma der noch by op de list en sadwaande waard by de manlju keatst yn 2 poules. Poule A mei 3 partoer en poule B mei 4 partoer. By de froulju wie 1 poule mei 4 partoer.

20130622 Posthumapartij 

It seach der om 12 oere noch reedlik út mei it waar, mar nei in lyts oerke begûn it al aardich troch te drippen. Run healwei 3 oere brutse de loft iepen en it wetter kaam mei bakken út de himel, mei trochweakke klean en sopjende skuon is om 3 oere de wedstriid foar in oerke stil lein om’t it ta koste gie fan it fjild, dat it wetter net sa hurd opnimme koe. Om 4 oere is it fjild wer keurd en koenen we wer fierder keatse.

 

By de manlju gie de finale tusken Erwin de Boer, Jan Vellinga en Geert Couperus en Danny Roos, Hans Kooistra en Hendrik Okkema. Mei in einstân fan 5-0:6-2 wûnen Danny, Hans en Hendrik by de manlju.

 

By de froulju gie de finale tusken Janieke Dijkstra , Riemy Kamstra en Klaske Plantinga en Mattie Dijkstra, Martine Kooistra en Karin Sjaarda. Mattie, Martine en Karin wûnen mei 5-2:6-0 fan Janieke, Riemy en Klaske.

 

Run healwei sân oere wie de priisútrikking. Us tank giet út nei de stiper Skilderbedriuw Posthuma dy’t dizze partij stipe hat.