1e feestdei keatskamp sit der op!

De 1e feestdei fan it 5e keatskamp sit der op!Keatskamp groepsfoto

Dei 1 sit derop! Ús fiifde keatskamp is los en hoe. De start mei it spultsje ballon traapje dienen se wêrtroch prachtich felle shirts fertsjinne waarden. It gong der al fanatyk oan ta! Dêrnei de earste trainingsoeren temjitte. In soad fuottewurk, searys op en út, en sa no en dan dûnsje tuskentroch foar it kampferske ‘Welkom in de feesttent’! Levend en normale Bingo stûn op it programma mei moaie prizen en gekke aksjes lyk as gerssprytsjes plukke, en in krûp jaan oan Hans Wassenaar. Hans Wassenaar? Ja, dy kaam del as Mystery Guest. In presintaasje soarge foar oandachtige bern en moaie fragen. In fersierd cakeje tuskentroch en in spannende speurtocht foar de skoaljeugd nei ôfrin en dei 1 is in feit. 

groep efterkantGroepsfoto oan de efterkant…

Iene Hans

Hans Kooistra

Oare Hans

Hans Wassenaar

Oant moarn!