Keatskamp: dei 2 mei Bûnte jûn

Keatskamp: dei 2 mei Bûnte jûn!

Dei 2 fan it keatskamp begûn bûten mei rein. Gelokkich skynde yn de Skoalleseize wol de sinne by it wekker wurden. En de bern hienen ferrassend lang slipt! Nei it moarnsbrochje binne hast alle groepen de seal yn gongen om te trainen. De skoaljeugd ha earst bûten bikkele, mar sy ha úteinlik ek de seal fan binnen besjoen. Taktyk, teambuilding, fideo analyse, spultsjes en in soad searys fansels.

Nei de lunch tiid foar rekreaasje yn it doarp. Allegear opdrachten foar punten, mar wol oppasse foar de Party Crashers, want dy koene se tikke en ferplichte om in Limbo te dûnsjen.
De twadde training koe gelokkich bûten, want de sinne kaam derby. Der wienen sels guons dy’t de kearoefeningen op it springkessen dienen. Makaroany fan Fetsje om de enerzjy wer op peil te krijen en as tarieding op de Bûnte jûn. Dûnskes, libjende foto’s, in relaasjetest, kwissen en wat al net mear wie der betocht. Dat wie al mei al wer in feestlik barren foar alle famylje en de bern sels!

* Sjoch ek op Facebook KF Easterein en op Twitter @KFEasterein foar mear foto’s en filmpkes. Moarn alwer de lêste dei.

Drone 1

Drone 2

Op nei sporthal

Springkessen