De earste list is dien om 13.15 oere en it wie in list mei spannende en minder spannende partijen. Der wurdt om moaie prizen keatst en oan alle keatsers te sjen ha se dat mar al te goed yn ‘e gaten. Der wurdt om striden!
By Dronryp keatst Sybren Blanksma mei yn plak fan Sander Kingma. Se starte net goed en sjoche earst tsjin in 3-1 achterstân oan. Se witte it mar net rjocht te setten en Wjelsryp rint út nei 5-2. Op 5-2 6-6 komt der in keats fan sa’n 50 cm en Dronryp pakt dizze ferfolgens; 5-3. Wjelsryp makket it toch út op 5-3 6-0 trochdat Paulus Yde Walda de bal werom slacht yn it perk.
Yn de partij tusken Berltsum en Tsjummearum rint Tsjummearum gau út nei in 1-4 en úteinlik nei in 2-5 foarsprong. Tsjummearum slacht de bal bûten op 2-5 6-6 en sa pakt Berltsum it tredde buordsje. Berltsum jout noch net op en makket it 3-5 4-6 troch in sitbal, mar wit de keats net te pakken en sa giet Tsjummearum troch nei de twadde omloop.
Boalsert – St. Anne. Op 6-6 is it earste buordsje foar Boalsert troch in sitbal fan Peter van Zuiden. St. Anne komt net lekker yn de wedstriid en op 3-2 6-4 pakt St. Anne de keats en wurdt it 6-6. Troch in foarbal fan Boalsert wurdt it wer gelyk; 3-3. St. Anne set troch en pakt it 4e buordsje mar Boalsert is wer snel by: 4-4. Krijn slacht in bal fanôf de boppe werom it perk yn en sa pakt St. Anne de 6 yn de striid om it fiifde buordsje. Op 4-4 2-6 en in keats pakt St. Anne de 5 earsten troch in bûtenslach. Op 4-5 4-6 bringt Krijn in hege bal achteryn en Boalsert kin de keats net pakke. St. Anne troch nei de twadde omloop.
In pear snelle partijen op de 1e list mei spitigernôch trije kear in 0-5 útslach. Wommels 1 tsjin Wommels 2 waard 0-5 6-6. Achlum tsjin Seisbierrum-Pietersbierrum waard 0-5 4-6. Hitsum tsjin Wytmarsum waard 0-5 2-6. Frjentsjer wint fan Easterlittens mei 5-1 6-0.
Yn de wedstriid tusken Dronryp 2 en Stiens gong it gelyk op tot earsten gelyk en toen is Stiens útrûn nei 3-5. Dronryp komt wer by troch in 4e buordsje te pakken mar se risse it net. Stiens troch nei de twadde omloop mei 4-5 4-6. Bitgum giet frij ienfâldich troch nei twadde list troch fan Winsum te winnen mei 0-5 0-6. Sy treffe dêr Jelsum-Koarnjum-Britsum wa yn de earste omloop wûn ha fan Makkum mei 5-1 6-4.
Sint Jabik 1 – Easterein 1. Easterein 1 jout de partij net samar fuort en makket it 1-4 6-0. Spitigernôch wurdt it earst dan toch noch fuortjûn oant Sint Jabik en wurdt it 1-5. St. Jabik makket it úteinlik út op 5-1 6-2. De wedstriid tsjin Minnertsgea gong wat te hurd foar de mannen fan Easterein 2. Minnertsgea rûn frij maklik nei de oerwinning en it waard 5-0 6-2.
De lêste twa omlopen op de earste list gongen tusken Goeiingea en Peins; Tsjom en Sint Jabik 2. Twa omlopen mei in protte jonge keatsers. Goeiinga ferliest fan Peins mei 1-5 4-6. Peins keatst mei mar twa skoaljonges fan 14 jier. Sint Jabik 2 bestiet út it jongespartoer dy it NK Jonges dit jier wûn ha. Se rêde it net tsjin Tsjom en ferlieze mei 5-3 6-4.
1e omloop
1) Dronryp 1 – 2) Wjelsryp 3-5:0-6
3) Berltsum – 4) Tsjummearum 3-5:4-6
5) Frjentsjer – 6) Easterlittens 5-1:6-0
7) Boalsert – 8) St Anne 4-5:4-6
9) Wommels 1 – 10) Wommels 2 0-5:6-6
11) Achlum – 12) Seisbierrum-Pietersb 0-5:4-6
13) Hitsum – 14) Wytmarsum 0-5:2-6
15) Dronryp 2 – 16) Stiens 4-5:4-6
17) Winsum – 18) Bitgum 0-5:0-6
19) Jelsum-Koarnjum-Britsum – 20) Makkum 5-1:6-4
21) St Jabik 1 – 22) Easterein 1 5-1:6-2
23) Minnertsgea – 24) Easterein 2 5-0:6-2
25) Goaiïngea – 26) Peins 1-5:4-6
27) Tsjom – 28) St Jabik 2 5-3:6-4