Nei 2 kompetysjerondes en in spetterend keatskamp hjoed dan de earste ledewedstryd op it programma. Soene we it droech hâlde, wa soe de earste krans om de nekke krije, allegear fragen der we om 13.30 nog gjin antwurd op hienen. Dus we moatte mar gau los!
We beginne de party mei in geweldig applaus foar us sponsor it Kniplokaeltsje út Easterein. Sa lûd dat se it op it Skilplein fêst wol heare kinnen hat.
By de kabouters waard der keatst mei 3 ferskillende listen, dus eltsenien 3x keatse en nei de tiid de earsten by elkoar optelle. Soad spannende partijen en der waard leuk keatst mei elkoar. En oan it ein fan de middei wisten we it antwurd op de fragen, (hast) hielendal droech en de kransen en prizen wienen sa:
1e priis A maat Geertje van der Weide, 1e priis B maat Tjitske Joustra
2e priis A maat Jorrit Stap, 2e priis B maat Brecht Stegenga
Foar alle kabouters die gjin priis wûn hienen wie der, omdat it de earste partij wie nog in prachtige moaie herinneringsmedaille oan dizze partij.
By de welpen waard der mei 8 partoeren keatst mei in gewoane list mei ferliezersronde. De 2 finales wienen sa as finales ek wêze moatte, alles oan de hang!
By de winnaarsronde wie it partoer 8 die oan it langste ein luts en dat wienen Arjen Stremler en Anke Blanksma. De 2e priis wie foar Redmer Stegenga en Daniël van der Weerdt.
Yn de ferliezersronde wie it partoer 1 mei Niels Hiemstra en Ridzert Veldman die de oerwinning op dizze spannende stân derút sleepten. Bernou van der Velde en Benthe Ottens gongen mei de twadde priis nei hûs.
By de pupillen wienen der 6 partoeren en sy keatsten yn poules allegear 3x. Ek der nei 3 omlopen earsten en tsjinearsten by elkoar optelle.
1e priis Redmer Wiersma, Amber Reijnhoudt en Thijs Janssen
2e priis Nynke Paauw, Marrit Hiemstra en Jan Dirk Joustra
3e priis Rutger Sijbesma en Welmoed Stegenga
Om goed 17.00 wie de skoaljeugd en de jonges en famkes oan bar. Mei 12 keatsers yn 4 partoer keatste se yn 1 poule.
De earste omloop gong tusken de partoeren fan Kees v/d Horst, Alien Dijkstra, Halbe Willem Overal en it partoer fan Selma de Boer, Sydrik Kooistra en Machteld Veldman. Dizze partij wa beslikke yn it foardiel fan Selma en die. 2-5 en 4-6. Yn it 2de perk de partoeren fan Corrie Kroondijk, Julia Paauw, Rimmer Kamstra tsjin Rutger Wiersma, Roelie Kroondijk en Marc Jansen. In partij tusken de suskes die wûn wa troch Corrie c.s. mei 5-4 en 6-2.
De twadde omloop de winner fan 1 – 2 tsjin de ferliezer 3-4 en de ferliezer 1-2 tsjin de winner fan 3-4. It partoer fan Selma tsjin dat fan Rutger e.d.. Dit seach er de hiele tiid al nei út dat dit in partij wurde soe fan alles oan de hang en dat wa it ek. Op 5-5 en 6-6 plaatste Sydrik in sitbal. Yn it oare perk wat minder spanning. It partoer fan Kees c.s tsjin Corrie e.d. Dizze partij waard wûn troch Corrie e.d. mei 5-2 en 6-6.
De tredde omloop de twa partoeren tsjinoer elkoar dy’t beide twa partijen wûn hiene. It partoer fan Selma e.d. tsjin it partoer fan Corrie e.d. Net echt in hiele spannende partij. 5-3 en 6-4 yn it foardiel fan Selma, Sydrik en Machteld. De oare partij tusken Kees e.d. en Rutger e.d. waard wûn troch Rutger e.d. mei 5-3 en 6-6.
Utslach
1ste Selma, Sydrik en Machteld 21 foar – 10 tsjin
2de Corrie, Julia en Rimmer 17 foar – 12 tsjin
3de Rutger, Roelie en Marc 16 foar – 15 tsjin
4de Kees, Alien en Halbe Willem 7 foar – 18 tsjin
We kinne werom sjen op in sportive en leuke keatsmiddei, dus ús komplimenten oan de bern en ús dank oan alle frijwilligers die ús holpen ha!