Wjelsryp – Tsjummearum. It is spannend en op 3-4 6-4 pakt Wjelsryp it buordsje en wurdt it fjouwer earsten gelyk. Ek de lêste earsten bliuwe spannend en op 5-5 6-4 slacht Wjelsryp de bal boppe en binne se troch nei de tredde list.
Frjentsjer – St. Anne. It earste buordsje is foar Frjentsjer nei in kweaslach fan Sjoerd de Jong en Frjentsjer rint út nei 2-0. St. Anne komt werom nei 1-2. Op in stân fan 1-2 6-6 slacht Krijn de bal prachtig boppe en makket it dermei twa earsten gelyk. It bliuwt spannend en sa wurdt it 2-4 foar Frjentsjer wannear Krijn de bal fan Jan Schurer kwea slacht op 2-3 6-6. It folgende earst wurdt ek 6-6 wannear St. Anne de keats behâld. Krijn slacht in hege bal op en kin de bal fan Jan Schurer wer werom it perk ynslaan en sa wurdt it 3-4. St. Anne set troch en makket samar 0-6 en dernei twa spullen gelyk. St. Anne pakt as earste de fiif earsten mar Frjentsjer jout net op en komt werom troch ek it fiifde buordsje te pakken op 4-5 6-2. In spannend lêste earst: 5-5 2-0; 5-5 2-2 en twa keatsen. St. Anne pakt beide keatsen, 2-6. In boppeslach fan Jan makket 4-6.
Wommels 2 wûn yn de earste omloop noch maklik fan Wommels 1, mar koe it de twadde omloop net risse tsjin Seisbierrum-Pietersbierrum, de finalist fan foarich jier, en ferlear mei 1-5 0-6
Wytmarsum – Stiens. Wytmarsum liket de partij yn de hânnen te hawwen mei in 4-1 foarstân, mar Stiens komt werom tot 4-1 6-6. Dan slacht Wytmarsum de bal bûten en wurdt it 4-2. Op 4-2 6-2 slacht Gerrit Winkel fan Stiens de bal bûten en wurdt it 5-2 foar Wytmarsum. Yn it lêste earst komt Wytmarsum op in 6-4 foarsprong en slacht Kevin Jordi fan Stiens de bal bûten. Wytmarsum troch nei de tredde list.
Bitgum rint samar út nei in 5-1 foarsprong werby de opslach fan Tjisse bepalend is. Nettsjinsteande dappere pogingen fan Haye Jan Nicolai foaryn it perk kin Jelsum-Koarnjum-Britsum it net winne en giet Bitgum troch nei de tredde list nei in winst fan 5-2 6-6.
St. Jabik – Minnertsgea. Beide partoeren binne baarnd om te winnen en it giet gelyk op. Nei twa earsten gelyk rint St. Jabik út nei 4-2 en pakt it 5e buordsje ek troch in sitbal fan Enno op 4-2 6-2. Op 5-2 4-2 slaan sawol Bauke Triemstra as Enno Kingma in sitbal en dermei is St. Jabik mei 5-2 6-2 troch nei de tredde list.
Yn de lêste partij op de twadde list stiet Peins mei 3-2 6-0 foar tsjin Tsjom en der komt in keats. Peins pakt de keatst en makket it dermei 4-2. Op 4-2 6-0 slacht Menno van Zwieten van Peins de bal op en wit dizze sels wer foar de keats te slaan en bringt Peins op in 5-2 foarsprong. Der moat mjitten wurde op 5-2 4-0 en it giet om millimeters mar Tsjom pakt ‘m. It wurdt úteinlik 5-2 6-4 foar Peins en dan makket Menno it út foar Peins.
2) Wjelsryp – 4) Tsjummearum 5-5:6-4
5) Frjentsjer – 8) St Anne 5-5:6-6
10) Wommels 2 – 12) Seisbierrum-Pietersbierrum 1-5:0-6
14) Wytmarsum – 16) Stiens 5-2:6-4
18) Bitgum – 19) Jelsum-Koarnjum-Britsum 5-2:6-6
21) St Jabik 1 – 23) Minnertsgea 5-2:6-2
26) Peins – 27) Tsjom 5-2:6-4