3e omloop Jong Feinte Partij 2014

Nei de drege wedstriid tsjin Tsjummearum sjocht Wjelsryp al gau tsjin in efterstân oan tsjin Frjentsjer. Op 0-3 0-6 keart Djurre Seerden (soan fan âld stiper Erik Seerden, Frythermo) de bal foar de keats: 0-4. Op 0-4 6-2 pakt Wjelsryp it earste buordsje troch de keats te passearen. Op 1-5 6-4 jûchje de fans fan Wjelsryp wer as Paulus Yde de bal foar de keats werom slacht; it wurdt 2-5. Rykhelt Smink de bal foar op 2-5 4-6 slacht en sa giet Frjentsjer nei de heale finale.

Frjentsjer 3e omloop

 

Wjelsryp 3e omloop

Seisbierrum nimt al snel de oerhân yn de wedstriid tsjin Wytmarsum en rint út nei in foarsprong fan 4, mar Wytmarsum makket wol in soad punten. De gebroeders Van der Molen hawwe sich goed sjen litten op dizze 10e edysje fan de Jong Feinte Partij. Op 5-1 6-6 slacht Mart van der Molen de keats foarby en pakt in spul foar Wytmarsum. Op 5-2 2-2 lizze der twa keatsen en Seisbierrum-Pietersbierrum pakt se beide. De lêste slach falt op 5-2 6-2 wannear Kees van der Schoot de bal boppe slacht en sa Seisbierrum-Seisbierrum nei de heale finale bringt.

Seisbierrum 3e omloop

Sint Jabik wint fan Bitgum mei 1-5 2-6. Bepalend foar dize partij wie doch wol de opslach fan sawol Bauke as Enno, de lêste pakte ein in sitabl de 1-3, 1-4 en 1-5. Ek it perk fan St Jabik koe mear dwaan dan it perk fan Bitgum. Yn it tuskenspul is Bitgum wat ûngelokkiger. St Jabik dus nei de heale finale en treffe dêr Wytmarsum of Seisbierrrum.

 

St Jabik 3e omloop

Peins steand nûmer

 

2) Wjelsryp – 5) Frjentsjer 2-5:4-6
12) Seisbierrum-Pietersbierrum – 14) Wytmarsum 5-2:6-2
18) Bitgum – 21) St Jabik 1 1-5:2-6
26) Peins