30-04-2013 – Keninginnepartij

20130430 Kenginnedei 4

 

(Klik op de foto foar in grutter eksimplaar)

Henk Bootsma hat in soad prachtige foto’s makke op dizze dei!

Foto’s Henk Bootsma (Foto’s)

 

Hjoed, mei in stralend sintsje mar wol kâlde wyn, is der foar de lêste kear keatst tidens Keninginne-dei! Fanôf takom jier in oare dei mei in oare namme; fanôf dan wurdt op 27 april Keningsdei fiert.

Foar de measten wie it wer de earste kear wer dat der in baltsje slein waard. Dit gie meastentiids sa moai as wat, der waard fanatyk, fûleindich mar ek sportyf keatst.

 

 

By de A klasse froulju waard der yn in poule keatst mei 4 partoeren. Nei 3 listen kamen Marije Hiemstra, Poelsma en Dian Dijkstra (alles wûn) as winners út de bus en koene de krânsen omhongen krije. Tineke Dijkstra, Romine Jelsma en Lysbet Bakker (2x wûn, 1x ferlen) pakten de 2e priis.

 

De froulju yn de B klasse keatsten in ‘gewoane’ list. Yn totaal wiene hjir 5 partoeren. De finale yn de winnersronde gie tusken Janieke Dijkstra, Jeske Terpstra en Dieuwke Kooistra, Willy Bootsma, Yvonne Terpstra. De 2 jeugdige leden Janieke en Jeska pakten knap de 1e priis troch de finale te winnen mei 5-3/6-2.

Yn de ferliezersronde gie de finale tusken Mattie Dijkstra, Riemy Kamstra, Jikke Velzen en Wiepkje Hiemstra, Martina Kooistra, Geja Hofstee. Wiepkje c.s. lutsten hjiryn oan it langste ein troch te winnen mei 5-0/6-6.

 

 

By de manlju ek in A en B list. De A manlju keatsten yn in poule mei 4 partoeren. In moai begjin fan it keatsseizoen foar ús nije haadbestjoerslid Marten Faber, hy pakte fuort de krânse mei Marco Hoekstra en René Velzen. Sy wûnen alle 3 partijen. 2e waarden Ewout de Boer, Remon Bouma en Christian Hoekstra, sy wûnen 2x en ferlearen 1x.

 

 

De B klasse by de manlju waard ferkeatst mei in ‘gewoane’ list. Yn de winnersronde wiene de krânsen foar Peter Stuiver, Sipke Hiemstra en Klaas Pompstra. Sy wiene yn de finale te sterk foar Tjeerd Dijkstra, Ids de Boer en Gep Bakker en wûnen mei 5-4/6-4. In 3e priis wie noch foar Marco Reijnhoudt, Geert Couperus en Thom Veldman.

De ferliezersronde waard wûn troch Hendricus Tacoma, Hendrik Okkema en Wietse Vink troch de finale te winnen mei 5-1/6-0 fan Abe Jan Stegenga, Roel Sijbesma en Mebius de Boer.

Tsjin 5-en koene Jikke en Hans nammens it bestjoer de krânsen en prizen útrikke. Al mei al in tige slagge Keninginnepartij hân!