02-06-2012 – Federaasjedei – Kabouters

Sneon 2 juny in grutte keatsparty foar de federaasje Snits e.o. Moarns de jeugd en senioaren federaasje keatsers en middeis de toppers fan de KNKB. En op sa’n dei meie ús jongste topperkes fansels net ûntbrekke.

En dus stiene der 17 kabouters op it fjild dy’t 3 listen ferkeatsten. Mei behelp fan 4 frijwilligers rûn dit tige goed, betanke hjirfoar. En wat ha se goed harren bêst dien. Under grutte publike belangstelling fan û.o. âlders, pakes en beppes stiene se fol entûsjasme te keatsen.

Der wiene 3 keatsers dy’t 3x wûn hiene en 2 mei deselde tsjin earsten, dus tige spannend. De prizen wiene foar:

1e Niels Janssen

2e Redmer Wiersma

3e Tjalle Durk v.d Eems

4e Judith v.d Weerdt

5e Redmer Stegenga

6e Siebo Boersma

Jeugdkommisje KF Easterein

20120602 Kabouters