30-05-2014 – KNKB Haadklasse Manlju

Yn Easterein it lustrumjier fan it 110-jierrich bestean en de 10e edysje fan de Jong-Feinte. De Jong-Feintedei duorret noch efkes en sil op 23 july plakfine as bysûnder keatsbarren. De woansdeis koe de lustrumwedstriid foar de jongerein net trochgean om’t der al in hiel soad wetter fallen wie yn de dagen derfoar, mar ek op de woansdeis sels is it amper droech west. Dizze wedstriid wurdt woansdei 4 juny ferkeatst.

 

De tongerdeis wie de lustrumwedstriid foar senioaren mei 8 frouljuspartoeren en 12 manljuspartoeren. In prachtich oantal dielnimmers en mei it hearlike buffet tusken de omlopen troch wie dit in moaie keatsdei. Allegear net te let nei hûs want de freed wie it grutte Federaasjedei!

 

Dizze Federaasjedei sette útein mei de senioaren manlju en froulju om 10:00 oere. De dielname wie net grut mar moai genôch foar in aardige keatsdei. Der wienen 4 partoer manlju A en 6 partoer manlju C (mei trije froulju!) en 7 partoer froulju A.

 

By de jeugd oantemei 16 jier wie de opkomst geweldich! Der wienen 136 bern dy’t oan de Federaasjedei dielnamen yn 4 klassen (welpen, pupillen, skoalbern en famkes/jonges). Under de prima lieding fan de Federaasjekommisje mei harren frijwilligers waarden al dizze wedstriden (3 x lotsjen) flot ferkeatst en wienen der in soad prizen te ferdielen.

 

Wat prachtich om de jeugd sa entûsjast te sjen yn it fjild en ek dernei mei de priisútrikking. Dat de bern yn de gaten hat dat it in bysûndere keatsdei is, wie te sjen oan de sportive fûlens dêr’t mei keatst waard en faaks de blidens by winst en somtiden it fertriet by ferlies.

 

Mar hjoed yn Easterein wie elk winner! De goede tariedings fan de Federaasjekommisje yn gearwurking mei keatsferiening Easterein hat fertuten dien. IN noflike gearwurking mei in sportyf suksesfol resultaat!

Tige tank ALLEGEAR foar dizze prachtige keatsdei!

 


 

Healwei fjouwer oere begûn de haadklasse manlju en froulju. Yn de kantine draaide de presintaasje fan de lustrumjierren, dat begûn by 2004, it 100-jierrich bestean. Yn 2004 hienen we foar it earst in haadklassewedstrid en dat wienen de manlju mei doe de 1e priiswinners Jochum Bouma, Kor Zittema en Taeke Triemstra!

Yn 2009 kamen de manlju en froulju by ús op besite en doe wienen it Rutger vd Meer, Marten Feenstra en Erik Haitsma dy’t de 1e priis, sokken fol mei euro’s, wûnen. Sjoch by Foartreflike keatsdei yn Easterein.

Yn 2012 hienen we de Federaasjedei ek al yn Easterein. Sjoch by Van Zwieten c.s. winne in Easterein.

 

Dit jier in wat frjemde list, want no’t de ranking har bestean hat, wurdt it bylotsjen in aparte saak. Seker as der op in list fan 8 partoeren twa topkeatsers (Taeke Triemstra en Cornelis Terpstra) misse.

 

Yn de 1e omloop begûnen dan ek de partoeren Jan Dirk de Groot, Hendrik Bouwhuis en Steven de Bruin tsjin Jelte Pieter DIjkstra, Hyltsje Bosma en Hendrik Kootstra. Dat waard 5-4:6-6 foar Jan Dirk de Groot c.s. Sawol Hyltsje Bosma (nei partoer 1 as ferfanger fan Teake Triemstra) as Hendrik Kootstra (nei partoer 6 as ferfanger fan Cornelis Terpstra) waarden bylotten. Tjisse Steenstra, Jacob Klaas Haitsma en Hylke Bruinsma ferlearen fan Peter van Zuiden, Marten Feenstra en Daniël Iseger, 5-5:4-6.

 

Dêrnei wie it oan de partoeren 1 mei Gert-Anne vd Bos, Alle Jan Anema en Patrick Scheepstra dy’t wûnen fan Bauke Triemstra, Hyltsje Bosma en Sjoerd de Jong, 5-3:6-6. De lêste wedstriid fan de 1e list wie winst foar Pieter van Althuis, Rense Pieter Hiemstra en Pier Piersma mei 5-3:6-4. Pier wie krekt de deis derfoar heit wurden foar de 2e kear, mar stie op it Eastereinder fjild en krige ek nochris in bak mei blau-wyte mûskes fan de feriening!

 

Yn de heale finale winne Gert-Anne vd Bos cs. it fan Jan-Drik de Groot mei 5-5:6-0. De oare heale finale wie foar Peter van Zuiden c.s. dy’t mei 2-5:6-6 winne fan Pieter van Althuis c.s. De finale is net sa spannend as ferwachte en Peter van Zuiden wint syn 1e krânse op it heechste nivo, Daniël Iseger syn 100ste 1e priis op de haadklasse en Marten Feenstra wint foar de tredde kear efter elkoar yn Easterein. Yn 2009, 2012 (mei Menno van Zwieten en Taeke Triemstra) en yn 2014 wer. In bysûndere winst foar dit partoer dus mei eigen yndividuele hichtepunten.

 

De prizen bestienen út yn de klupkleuren stutsen sokken grôtfol euro’s en in tegoedbordje fan Noflik Easterein. sa’t se as partoer mei partners nochris út iten kinne yn Easterein.

 

In prachtige keatsdei dy’t let dien wie mar foar in hiel soad minsken mei willen en genietsjen is ferrûn. Keatsferiening Easterein wie grutsk dat se it de keatsers en keatsleafhawwers in moaie dei besoargje koenen!

1e omloop

1. Gert-Anne van der Bos c.s. – 2. Bauke Triemstra c.s. 5-3:6-6

3. Jan Dirk de Groot c.s. – 4. Jelte-Pieter Dijkstra c.s. 5-4:6-6

5. Pieter van Althuis c.s. – 6. Johan van der Meulen c.s. 5-3:6-4

7. Tjisse Steenstra c.s. – 8. Peter van Zuiden c.s. 5-5:4-6

 

Heale finale

1. Gert-Anne van der Bos c.s. – 3. Jan Dirk de Groot c.s. 5-5:6-0

5. Pieter van Althuis c.s. – 8. Peter van Zuiden c.s. 2-5:6-6

 

Finale

1. Gert-Anne van der Bos c.s. – 8. Peter van Zuiden c.s. 2-5:0-6

 

1e priis: Peter van Zuiden, Tjerkwert, Marten Feenstra, Feinsum, Daniël Iseger, Ljouwert

2e priis: Gert-Anne van der Bos, Ljouwert, Alle Jan Anema, Grou, Patrick Scheepstra, Frjentsjer

 

Foto’s Henk Bootsma Fotografie

20140530 HB HK Manlju1

 

20140530 HB HK Manlju2