31-05-2015 – KNKB Welpenjonges

Under drege waarsomstannigheden hiene we hjoed de welpen op besite yn Easterein. Wat in prachtich gesicht, al die jeugd op it fjild!

De A klasse by de jonges waard ferkeatst yn in poule mei 4 partoer. It partoer fan Jelmer Foppe Drijfhout en Durk Bootsma wûnen alle trije partijen en dêrmei wiene hun de terjochte winners. De 2e priis wie foar Pieter den Breejen en Stijn Vincken; sy wûnen 2 fan de 3 partijen. Rûn healwei 3-en koene we de jonges de krânsen omhingje en de bekers oerlangje.

Mei tank oan ús haadstiper Couperus Hydrauliek, dy’t dizze keatsdei mei mooglik makke hat!

A-KLASSE

De A klasse by de jonges waard ferkeatst yn in poule mei 4 partoer.

20150531EastereinWelpenjongesA

De winners wiene:

1e priis (21 foar/6 tsjin): Jelmer Foppe Drijfhout, Poppenwier, Durk Bootsma, Tirns

2e priis (17 foar/14 tsjin): Pieter den Breejen, Arum, Stijn Vincken, Spannum

B-KLASSE

De finale yn de herkansingsronde gie tusken de partoeren fan Jens Kooistra, Redmer Stegenga (bylotte) en Sido Cnossen, Thomas Bouma. Nei in spannende striid waard dizze wûn troch Jens en Redmer mei de sifers 5-5 6-0.

De krânsen waarden wûn troch Harmen Zuidema en Matthijs Buma. Sy wûnen de finale mei 5-2 6-0 fan Sydo Dijkstra en Matthys Renema. De 3e priis wie foar Brent Timmerman en Sybrand Veldhuis. Sy ferlearen yn de heale finale fan de lettere winners mei 5-2 6-6.’

Foardat it minne waar hielendal trochsette koene we de krânsen en prizen útrikke en socht elts de kachel en waarme douche op. Mei tank oan ús haadstiper Couperus Hydrauliek, dy’t dizze keatsdei mei mooglik makke hat!

20150531EastereinWelpenjongesB

De priiswinners:

1e priis: Harmen Zuidema, Minnertsgea, Matthijs Buma, Arum

2e priis: Sydo Dijkstra, Eksmoarra, Matthys Renema, Dronryp

3e priis: Brent Timmerman, Dronryp, Sybrand Veldhuis, Raerd

1e priis herkansing: Jens Kooistra, Raerd, Redmer Stegenga, Easterein

2e priis herkansing: Sido Cnossen, Boalsert, Thomas Bouma, Easterlittens