31-08-2014 – De Jongpartij

Snein 31 augustus hienen we de Installatiebedrijf de Jong partij.

 

By de manlju wienen der hjoed 6 partoer en by de froulju 4, dus der is foar keazen om te poulekeatsen. By de froulje 1 poule en by de manlju 2. Om goed 12 oere binne we los gien.

 

Manlju

Poule A kaam as winner út de striid partoer 1 Danny Roos, Peter Stuiver, Ype Tiemersma. Mei in puntenoantal fan 12 foar en 7 tsjin wienen se krekt wat better as partoer 2 Stafan v/d Weg, Jan Vellinga en Tjerk Okkema dy ek 12 foar earsten hienen, mar 12 tsjin.

 

Yn Poule B wie it wat dudliker wa de finale keatse mochten. Der hie partoer 6 Marten Faber, Tjeerd Dijkstra en Wietse Vink de measte earsten. De finale wie net hiel spannend en eindige yn 5-2:6-0. Marten Faber, Tjeerd Dijkstra en Wietse Vink giene der mei de krânse fan troch.

 

Froulju

By de froulju stienen de 2 partoeren dy beide 14 punten hienen tsjin elkoar yn de tredde omloop. Dit wienen Judy Bergma, Anita Hoekstra, Karin Sjaarda tsjin Sietske Poelsma, Lysbet Bakker en Mattie Dijkstra. It partoer fan Sietske, Lysbet en Mattie bliek hjir doch wat sterker te wêzen en se wûnen dan ek mei 5-0:6-6.

We ha hjoed in prachtige keatsdei hân, mei tank oan ús stiper: de Jong Installatiebedrijf.

20140831 DeJongpartij