KFE: Slotdei Jongerein 5-9-2014

Smûk keatsen by modzich waar

 

Op freed 5 septimber de lêste jeugdledewedstriid yn kombinaasje mei de slotjûn.

De nachtkeatswedstriid wurd ferkeatst yn 3 ferskate listen en tusken de 2de en de 3de list lekkere patat en limonade want dat hiene de bern noch tegoede fan de lustrumjeugdledepartij fan 28 maaie dy’t doe ôflast is fanwege it minne waar. Fan min waar wie freedtejûn gjin sprake. Lekker keatse yn de koarte broek en t-shirt want it wie hearlik modzich waar. In protte opjefte. Sa’n 55 bern ferdielt oer 4 klassen.

 

Kabouters

By de kabouters 6 x in twatal. Nei de twadde list wie noch net te sizzen wa at der by de A-maten mooglik mei de krânse nei hús ta giet. Der wie net ien dy’t 2 x wûn hei. Spannend oan it ein ta. Jesper Paauw en Jorrit stap koene ek noch meidwaan foar de krâns mar der moast wol wûn wurde fan Liset Sybesma en Nienke Zijlstra.

 

Dat barde ek mei 5-2 6-6 Jesper Paauw de krâns by de A-maten mei 19 earsten foar en 12 tsjin en Jorrit Stap by de B-maten mei 21 foar en 8 tsjin. 2de by de A-maten wie Anke Blanksma mei 16 foar en 14 tsjin en de 3de priis wie foar Mette Stap mei 16 foar en 13 tsjin. 2de priis by de B-maten wie foar Jorn Hiemstra en de tredde priis foar Geertje van der Weide mei 18 foar en 15 tsjin.

 

Kompetysjeprizen

1 Ridzert Veldman 83 punten

2 Jesper Paauw 67 punten

3 Anke Blanksma 66 punten

20140905 Slotdei1

 

Welpen

By de welpen 10 twatallen op de list. Hjir wie de spanning te snijen, want nei 2 omlopen keatse wienen der 2 by de A-maten dy’t 2 x wûn hiene mar ek by de B-maten wie dat it gefal. By de A-maten Rutger Sybesma nei 2 omlopen 14 foar en 8 tsjin en Siebo Boersma ek mei 14 foar en 8 tsjin. Op de 3de list moasten Rutger en Thijs Jansen it opnimme tsjin Tjalle Durk van der Eems en Tess Hoepman. It gong aardich gelyk op mar op 5-4 6-2 pakte Rutger en Thijs de winst.

 

Gauw sjen by Siebo dy’t it mei Judith van der Weerdt opnimme moast tsjin de altyd sterk keatsende Redmer Wiersma en Senay Sixma. Ek hjir wa it 5-4 dus sjen nei de punten. By Siebo hong de 6-4 oan de telegraaf. Krekt 2 punten te folle sadat Rutger de krâns om de nekke krige. 2de priis dus Siebo. By de B-maten wie it allegearre wat dúdliker. Marije Zijlstra hie nei 2 omlopen noch mar 3 earsten tsjin en Judith van der Weerdt nei 2 omlopen al 8 earsten.

 

De lêste omloop krige Marije der 3 by en Judith 4. 1ste priis foar Marije mei 21 foar en 6 tsjin en de 2de priis foar Judith mei 21 foar en 12 tsjin. 3de prizen wiene der noch foar Redmer Stegenga mei 19 foar en 10 tsjin en Thijs Jansen mei 18 foar en 14 tsjin.

 

Kompetysjeprizen

Welpenfamkes

1 Benthe Ottens 73 punten

2 Janneke Overal 57 punten

3 Senay Sixma 56 punten

 

Welpenjonges

1 Redmer Wiersma 91 punten

2 Rutger Sijbesma 67 punten 8x wun

3 Arjen Stremler 67 punten 7x wun

 

20140905 Slotdei2

 

Pupillen

By de pupillen 3 x in 3-tal en 1 x in 2-tal. Ek hjir moaie partijen om te sjen. Machteld hie by de A-maten as ienichste beide partijen wûn. It wie oan Nynke Paauw op de tredde list om Machteld fan de krâns ôf te hâlden. Nynke Paauw mei Emma Stegenga en Marc Janssen tsjin Machtelt Veldman, Tessa Ottens en Jan Joustra. Betiden in felle fokale striid tusken de twa A-dames. Machtelt en dy pakten op 4-4 it earst de 5 buorden. Mar Nynke woe dit net ferlieze en sette noch efkes oan mei harren maten. Op 5-5 en 6-4 ( It wie echt in partij foar alles oan de hang) pakte Nynke en dy doch de winst mar trochdat Machtelt der 5 earsten by krige en de no 2 Bauke Reijnhoudt mar 15 earsten hie, hie Machtelt doch noch de krâns.

 

De útslach by de pupillen dus: 1ste priis A, Machteld mei 19 foar en 11 tsjin, 2de priis A-maten Bauke Reijnhoudt mei 15 foar en 12 tsjin. By de B-maten wie Nadja Sixma de ienichste mei 3 winstpartijen folge troch Emma Stegenga. Emma hie helaas de earste partij ferlern mei 5-4. Utslach B-maten . 1ste Nadja Sixma mei 21 foar en 7 tsjin en 2de priis Emma Stegenga mei 18 foar en 13 earsten tsjin. By de C-maten wie it Marc Jansen mei 3 winstpartijen dy de krâns pakte mei 21 foar en 11 tsjin foar Jan Joustra mei 11 foar en 18 tsjin.

 

Kompetysjeprizen

Pupillenfamkes

1 Nynke Paauw 80 punten

2 Nadja Sixma 63 punten

3 Machtelt Veldman 59 punten

 

Pupillenjonges

1 Mars Janssen 56 punten

2 Halbe Willem Overal 55 punten

3 Jan Dirk Joustra 51 punten

 

20140905 Slotdei3

 

Skoalbern

De âldste kategory by it nachtkeatsen is de skoaljeugd. In sterk dielnimmersfjild mei 4 A-maten, 4 B-maten en 4 C-maten. By de A-maten is it al in skoftke dúdlik wa at der de bêste is. Jeska Terpstra hie by de Kniplokealtsjepartij en de lustrumpartij ek de krâns al helle en op de Boerogroeppartij wie se 2de. In taak dus foar de ek sterk keatsende A-maten Corrie Kroondyk, Hendrik van der Eems en Rutger Wiersma om har fan de krâns of te hâlden.

 

It slagge net want mei 21 earsten foar en mar 8 earsten tsjin wist se de nûmer 2 Rutger Wiersma dy’t 17 earsten foar hie en 12 tsjin, aardich foar te bliuwen. Rutger ferlear yn de 2de omloop fan Jeska mei 5-3 en 6-6. By de B-maten wie der net ien mei de folle bak oan punten. De winner fan de B-maten, Kees van der Horst mei 19 earsten foar en 12 tsjin, ferlear mei syn maten Corrie en Jeljer de 2de omloop mei 5-5 en 6-4 fan Hendrik, Roelie en Julia. Roeli Kroondyk pakte de 2de priis mei 17 earsten foar en 12 tsjin.

 

By de C-maten ek net ien mei de folle mep. Sydrik Kooistra hie nei 2 listen 1 partij wûn mar de 1ste partij hie hy ferlern mei 5-4 6-4 en Julia Paauw hie nei 2 listen al 14 punten. It lot brocht har de tredde omloop tsjin elkoar oer. By winst fan Julia hie se de krâns en by ferlies wiene de earsten fan belang. Sydrik mei Kees en Rutger wûnen de partij fan Julia, Selma en Corrie,(de jonges tsjin de famkes), mei 5-3 en 6-6. Dat brocht it totaal by Sydrik oan earsten op 18 foar en12 tsjin en by Julia op 17 foar en 14 tsjin. De krâns foar Sydrik en de 2de plak foar Julia.

 

Kompetysjeprizen

Skoalfamkes

1 Roelie Kroondijk 84 punten

2 Jeska Terpstra 79 punten

3 Corrie Kroondijk 76 punten

 

Skoaljonges

1 Tjalling Tjalsma 69 punten

2 Rutger Wiersma 64 Punten

3 Sydrik Kooistra 49 punten

20140905 Slotdei4

 

De lêste partij foar de JK en de jeugd. In tige gesellige jûn. Wy fan de jongereinkommisje wolle graach alle âlders dy’t der wienen te sjen en alle minsken dy’t holpen hawwe, tige tankje foar de tige slagge jûn.

 

Golle groetnis,

Ut namme fan de jongereinkommisje
H. Kooistra