Heale finales Jong Feinte Partij 2014

Twa heale finales tusken Peins en Frjentsjer en Seisbierrum-Pietersbierrum en Sint Jabik. No giet it om in plakje yn de finale en dus in kâns op de haadpriis! Rûn 16.00 oere is it keatsen stil lein. Tegearre mei alle keatsers, frijwilligers en oare oanwêzigen ha wy in minuut stil west mei oandacht foar de slachtoffers fan de freselike fleantúgramp op 17 july. In tryst mar tagelyk in prachtich momint fol respekt.

Peins heale finale

 


Frjentsjer liket gjin muoite te hawwen mei Peins, mar Peins hat op in pear belangryke punten seker kâns hân op in buordsje. Frjentsjer rint út nei in 4-0 foarsprong mar Peins bliuwt it prebearjen. Se stean úteinlik 2-5 êfter en op in stân fan 2-5 4-6 en in lytse keats stiet Menno van Zwieten oan de opslach. Allard Hoekstra fan Frjentsjer slacht de keats foarby en set dêrmei Frjentsjer yn de finale. Foar Menno van Zwieten wie dit de twadde tredde priis op de Jong-Feinte Partij en dizze kear hat hy dit presteart mei 2 skoaljonges; Wessel van Wier en Jolt Vollema.

Frjentsjer heale finale

De twadde heale finale giet tusken Seisbierrum-Pietersbierrum en Sint Jabik. It liket folledig de kant fan Sint Jabik út te gean want se rinne gau út nei in 0-4 foarsprong. Yn dizze earste fjouwer earsten hat it in pear kear 6-6 gelyk west. Op 1-2 6-6 slacht Enno Kingma in sitbal en op 1-3 6-6 slacht Johannes van der Veen de bal tusken de linen.

Sint Jabik heale finale

Seisbierrum-Pietersbierrum lit it der lykwol net by sitte en komt rap werom oant 2-4 en letter mei in sitbal oant 3-4. Nei in sitbal fan Kees van der Schoot op 3-4 6-4 is de spanning werom en stiet it fjouwer earsten gelyk. Op 4-4 6-4 komt der in keats en dy wurdt net foarby slein troch Sint Jabik. Beslissend yn it lêste earst binne de twa bûtenslaggen fan Sint Jabik. Jelte Visser makket de partij út mei in prachtige boppeslach en dêrmei stiet Seisbierrum-Pietersbierrum yn de finale tsjin Frjentsjer.

 

Seisbierrum heale finale

 

26) Peins – 5) Frjentsjer 2-5:4-6
12) Seisbierrum-Pietersbierrum – 21) St Jabik 1 5-4:6-2