Corona update (15-03-2020)

No’t it coronavirus rap om harren hinne grypt, wurde der oeral maatregels troffen. Ek wy wolle jim op de hichte stellen fan in oantal saken die yn elts gefal op koarte termyn ferfalle as útstelt wurde.

 

Jeugd trainingen

Fanôf 20 maart soenen de trainingen yn de seal starten, disse wurde foarearst útstelt oant 6 april. Sa at it no liket sille de earste trainingen dan op 10 april plakfine.

 

Clinic Wallball (muorrekeatsen)

Op 22 maart soenen Roelie en Corrie Kroondijk in clinic wallball fersoargje. Disse wurdt ôflast en hjir sykje wy in nije datum foar yn it neijier.

 

Molkwarder Koeke aksje

Op 30 en 31 maart soenen wy ús jierlikse koeke aksje hâlde, ek dit stelle wy foarearst út.

 

 

Hâld ús webside, Facebook en Twitter yn de gaten foar it lêste nijs.