Ledegearkomste 11-03-2020

Op woansdei 11 maart wie de jierlikse ledegearkomste. Even nei achten waard de gearkomste iepene troch foarsitter Dirk-Yde Sjaarda foar dik 35 leden, in moaie opkomst.

 

Op disse jûn waard werom sjoen nei ús geweldige lustrumjier yn 2019, is it finansjeel ferslach meidielt, hienen we de presintaasje fan it prachtige jierferslach, binne de hammerstikken fan de KNKB foarlein en hienen we ferieningspunten sa as: meidielings Federaasje Snits, ûntwikkelings De Skoalleseize en takomst Jong-Feinte partij. Der is fertelt oer it kommende keatskamp, de gearwurking mei Wommels en de wedstriidaginda fan 2020 is presintearre.

Op 24 april hâlde wy in KF-jun mei Foppe de Haan. Neist ús eigen kaderleden en stipers, is eltsenien wolkom.

Fansels waard der wer stilstûn by de ôfskiednimmende kommisjeleden. Dit jier wienen dat Bauke Dijkstra as foarsitter fan de technyske kommisje en bestjoerslid fan it haad bestjoer, Tymen Dijkstra fan de finansjele en stipers kommisje, Marco Rijpkema en Marije Schurer fan de keatskamp kommisje en Annebeth de Jong fan de jeugd kommisje.

Der binne lokkich ek wer hiel wat plakjes opfult, mar we hawwe noch twa iepensteande fakatueres: skriuwer yn it haadbestjoer en algemien bestjoerslid yn de jeugd kommisje.

Einslúten wie de rûnfraach en is it kommende keatsseizoen ôftrape!