Skip to content

De 10de edysje fan de Jong-Feinte!

 

Op de fjirde woansdei fan july giet it wer los. We binne al ta oan de 10de edysje, wa hie dat tocht yn 2005! En ek nochris in nij rekord oan dielnimmende partoeren. Der binne 28 partoeren dy’t 23-7-2014 om 11:00 oere stride sille foar de Sulveren Leest en fansels de moaie sulveren keatsballen en in jildpriis.

 

Jaar

2005

2006

2007

2008

2009

2010

2011

2012

2013

2014

Partoeren

26

24

26

26

26

24

27

27

25

28

Ferienings

23

20

23

23

24

20

20

26

20

24

 

Sjoch ek by Jong-Feinte (Ynformaasje, ferslaggen, útslaggen)

 

Dit jier ek wer in debutant, de Eendracht fan Hitsum, op it poadium foar jong talint, dat no hielendal ta úten komt om’t de jongeskategory no ek meidwaan mei as jongespartoer. Sa stiet it jongespartoer fan St Jakob ek op de list, it partoer dat yn it jubileumjier (125 jier) foar St Jakob it NK Jonges wûn.

 

En de beide finalisten fan 2013 steane ek wer op de list, St Anne en Seisbierrum-Pietersbierrum, beide yn deselde gearstalling as ferline jier. En fansels ha we ek de Nederlânsk kampioen, Frjentsjer te gast.

 

 

We ha dit jier 11 PC-keatsers op de list: Jelte Visser, Sjoerd de Jong, Gosse Beeksma, Bauke Triemstra, Enno Kingma, Jan Schuere, Erwin Zijlstra, Tjisse Steenstra, Allard Hoekstra, Haye Jan Nicolay en Hendrik Kootstra. De folgjende fjouwer Jong-Feinten sille tongersdei 24-7-2014 yn Frjentsjer noch stride foar it lêste PC-ticket: Willem Heeringa, Menno van Zwieten, Johannes vd Veen en Kees vd Schoot.

Wy winskje jimme allegear alfêst in soad sukses!

 

 

Wolkom en fansels wolkom oan alle partoeren en Jong-Feinten! Wolkom oan it publyk, frijwilligers, skiedsrjochters, parse en keatsleafhawwers! It wurdt in moaie keatsdei, dat kin net misse! It waar is prachtich, mar it wurdt waarm, dat pas op jimme sels, en wy passe sa folle mooglik op jimme!

 

Fannemiddei is it fjild fersoarge en it sjocht der geweldich út en noeget om moarn ta foartreflike keatsprestaasjes te kommen.

IMG-20140722-WA0002
Jûn binne de lêste tarieding sa as it klearmeitsje fan de arena en dan is keatsferiening Easterein der wer klear foar om har spesjale partij, de Jong-Feinte mei hert en siel te organisearjen en ta in slagge keatsdei te meitsjen.

 

 

Woansdei wurdt de wedstriid live byhâlden troch warbere frijwilligers fan K.F. Easterein, mar ek troch de minsken fan it KNKB, Kaatsnieuws, Kaatsen.nl en fansels de oare parse. Wy hoopje jimme allegear begroetsje te meien.

 

Fierder ha we noch in oantal moaie aktiviteiten en ferrassings op it programma. We fertelle noch near, mar erfaar it woansdei mar op de Jong-Feintedei! Wat we wol ferklappe kinne is dat we in hiele moaie lotterij ha mei in prachtige haadpriis!

 

Folgje ús op @KFEasterein of op Facebook KF Easterein en fansels op dizze thússide, www.kfeasterein.nl

 

Graach oant sjen yn Easterein! Ek op de fjirde woansdei fan july!

 

Back To Top