Prizenwykein foar Easterein!

Yn Tsjummearum wie der in 4e priis foar Jelte Pieter Dijkstra, Dirk Yde Sjaarda en Bauke DIjkstra en yn Dronryp de 3e priis foar Tineke Dijkstra, Martine Tiemersma en Jelien Pompstra. Yn Tsjummearum op de haadklasse manlju ôfdieling en yn Dronryp by de haadklasse froulju ôfdieling stienen fan Easterein twa partoeren.

20120517 Dronryp

 

(Mear foto’s: sjoch ûnder menu: Foto’s) 

 

En snein yn Berltsum wienen der by de froulju haadklasse en froulju 1e klasse 6 prizen foar Eastereinder froulju! Imke vd Leest in 3e priis op de haadklasse, Jelien Pompstra en Sietske Okkema de krânsen op de 1e klasse, de 2e priis foar Marije Hiemstra en Martine Tiemersma en de 1e priis yn de ferliezersronde foar Tineke Dijkstra.

20120520 Berltsum

 

Keatswykein 17, 18, 19 en 20 maaie

 

Tongersdei 17 maaie

 

LEDEN

 

Witteveen & Brouwerpartij

Yn Easterein in ledepartij foar manlju en froulju. By de froulju wienen de krânsen foar Ingird Vellinga, ELske vd Meulen en Arjanne Schaafsma. By de manlju kamen Ewout de Boer, Sipke Hiemstra en Jan Bouke Bouma yn de krânsen.

 

FERSLACH en FOTO W&B-partij

 

 

 

KNKB

 

Haadklasse manlju ôfdieling

Yn Tsjummearum dus in 4e priis foar Easterein 1. De 1e omloop wint Easterein mei 5-0:6-0 fan Eksmoarre. Dêrnei tsjin Grins en dat wurdt wûn mei 5-2:6-6. Yn de 3e omloop nimme se it op tsjin Sint Jabik 2 en ek dat wurdt wûn, no mei 1-5:4-6. Yn de 4e omloop treffe se Minnertsgea en dat kinne se net risse, 5-3:6-2. Minnertsgea wint de finale fan St Anne mei 4-5:2-6.

 

Easterein 2 mei Danny Roos, Carlo Booms en Marten Faber keatse de 1e omloop tsjin Holwert. Der wurdt goed keatst, mar se ferlieze mei 5-2:6-6.

 

http://youtu.be/ElBRKdt6kbo

 

 

Haadklasse froulju ôfdieling

Yn Dronryp de ‘d Alde Wite partij, de tradisjonele ôfdielingswedstriid op Himelfeart. Easterein 1 moast de 1e omloop tsjin Mantgum, mar dy ôfdieling hie ôfsein om’t der in blessuer wie. Dêrnei waard der wûn fan Boazum mei 3-5:4-6. Marije Hiemstra, Imke vd Leest en Anke Marije Pompstra moasten it doe opnimme tsjin Grou dy mei 5-5:6-8 wûn hie fan Boalsert. Mar de froulju fan Easterein kamen der net oan te pas. Grou kaam yn de heale finale nei in winst fan 2-5:6-6. Nei de winst yn Frjentsjer dus no mei lege hanne.

 

Easterein 2 wie ek de 1e omloop al frij, want dêr kaam St Anne net op it fjild, ek troch twa blessueres. Dêrnei tsjin Frjentsjer om de heale finale. Se komme op in foarsprong fan 3-5:2-6, mar ferlieze doch it earst. Ja, it wurdt sels 5-5. Mar dan pakke se knap de 0-6 foarsprong en op 2-6 pakke se doch de winst

 

De kompliminten foar Sjirk de Wal Dronryp foar de organisaasje. GEweldich foar elkoar. Prachtich wie ek de opkomst fan de partoeren foar de finale. De beide partoeren mei oan harren hân in keatsoanmerker en Lolke Bierma foarop. Moai om te sjen! André, fan herten lokwinske mei dyn jierdei!

 

 

Freed 18 maaie

 

FEDERAASJE

 

Reahûs-Turns

20120518 FederaasjeReahus

By it federaasjekeatsen yn Reahûs Turns by de welpen in krânse foar Roelie Kroondijk mei Pieter de Jong fan Lytsewierrum. De 2e priis wie foar Nynke Paauw mei Aizo Veltman fan Hommerts. Corrie Kroondijk wûn de 3e priis mei Sjors Boschma. Bauke Reijnhoudt wint in 2e priis mei Bert Veltman fan Hommerts yn de ferliezersronde.

 

By de pupillen in 1e priis yn de ferliezersronde foar Reitse Spoelstra fan Hidaard mei Ignas Dijkstra fan Mantgum. In 3e priis foar Lydia de Jong fan Hidaard mei Marit Folkertsma fan Folsgeare

 

By de skoalbern in 1e priis yn de ferliezersronde foar Janieke Dijkstra mei Solomon de Hoop, Wommels en Jorrit Hofstra, Reahûs.

 

De foto’s en útslaggen kinne jimme ek sjen www.kfreahus-turns.nl.

 

 

Sneon 19 maaie

 

FEDERAASJE

 

Goaiïngea

Yn Goaiïngea by de froulju in 2e priis foar Gabriële Bouma, Tineke Yntema en Anne Zijlstra. Hja ferlearen de finale mei 5-3:6-6.

 

 

KNKB

 

Famkes A+B

Yn Seisbierrum in moaie 2e priis foar Gerry Edou Mollema yn de A-klasse. Se keatste mei Melissa Rianne Hiemstra fan Stiens en Marrit Zeinstra fan Peins.

 

 

 

Snein 20 maaie

 

KNKB

 

Haadklasse en 1e klasse froulju

Imke vd Leest wint in 3e priis mei Nynke en Wiljo Sybrandy op de haadklasse yn Berltsum.

Yn de earste klasse hienen alle keatsters fan Easterein in priis! Sietske Okkema en Jelien Pompstra mei Hermine Sytema winne de krânsen op de 1e klasse troch de finale te winnen mei 5-5:6-2 fan Marije Hiemstra en Martine Tiemersma mei Margriet Bakker. De 1e priis yn de ferliezersronde wie foar Tineke Dijkstra mei Geke de Boer en Marike Beckers.

 

 

 

Welpenfamkes

Yn Itens in wedstriid foar welpenfamkes. Corrie Kroondijk
wint dêr in 3e priis mei Esmee de Groot fan Koarnjum.

Yn de ferliezersronde wie der in 2e priis foar Roelie Kroondijk en Nynke Paauw.

 

 

 

 

Sjoch foar alle útslaggen op www.knkb.nl as www.kaatsen.nl