Greidhoekekompetysje – 2eronde

Mei wol 20 graden ferskil neffens ferline wike, hjoed yn Easterein en Bitgum de 2e ronde fan de Greidhoekekompetysje 2012.

20120523 Greidhoeke 

Hienen de keatsers ferline wike lêst fan de kjeld en de hurde hâlde wyn. No spile de waarmte en de sinne de keatsers parten. Mar it wie fansels wol oantreklik foar publyk om efkes nei it keatsfjild te kommen. En in moai ploechje taskôgers fan Easterein, Easterlittens, Mantgum en ek fan Wommels. Skiedsrjochter wie Sipke Hiemstra. Tank oan de karmasters.

 

 

Easterein – Easterlittens 3-0

 

De froulju fan Easterein (Marije Hiemstra, Imke vd Leest en Anke Marije Pompstra) winne mei 5-0:6-6 fan de froulju fan Easterlittens (Afke Hoitenga, Kim Bos en Jantine Reijenga). Beide partoeren fansels mei hege ballen nei it perk en dêr waard faak ris mis slein. Mei 1-0 en twa kear in bûtenslach fan Littens op de 6 stie Easterein samar op 3-0. Op 4-0:6-4 slach Marije de bal werom yn it perk en op 5-0:6-4 makket Anke Marije de partij út mei in boppeslach.

By de junioaren wint Easterein (Danny Roos, Martin(e) Tiemersma en Jelte Pieter Dijkstra) it fan Easterlittens (Erwin Zijlstra, Ruben Bonhof, Dirk Jorritsma) mei 5-1:6-6. Nei it spul foar Easterein komt de oansluting foar Easterlittens noch wol, 2-1, mar dêrnei rint Easterein troch nei de winst. De opsalch fan Danny en Jelte Pieter hie de oerhân. De partij wurdt ek útmakke mei in sitbal fan Jelte Pieter.

By de manlju in twatal fan Easterlittens (Jelle Jan Rodenhuis, René Faber) tsjin it partoer fan Easterein (Dirk Yde Sjaarda, Pytrik Hiemstra en Stefan vd Weg). Easterlittens hie allegear oare aktiviteiten (2e elftal moast fuotbalje, Jeu de Pelote trainingen en in blessuer) en koe dus net yn de sterkste opstelling nei Easterein. Doch bleaun it twatal by oant 3-2 as DYS op 6-6 it perk mist. As JJR itselde docht op 6-6 stiet Easterein wer in spul foar. In boppeslach fan Pytrik en in bûtenslach fan DYS bringt de stân fan 5-2:6-6. Stefan slach de bal dan retour yn it perk.

 

Easterein – Mantgum 3-0

 

Dan nimme de froulju fan Easterein it op tsjin de miks fan jong en erfaring fan Mantgum (Ilse Noorman, Joke Koldijk, Baukje Stienstra). Easterein komt in spul foar, mar Mantgum keatst en praat har neist Easterein, 2-2. As Joke de keats net foarby slacht is it 3-2 foar Easterein. It earst dêrnei liedt Mantgum mei 6-0 en troch de bûtenslach fan Marije is de partij wer yn lykwicht, 3-3. Der wurdt in soad ‘eamele’ tsjin elkoar en dat komt foaral it tuskenspul net te goede. Wol is it humoristysk foar it publyk.
Easterein komt op 4-3 en dan mei in skjin earst op de 5-3. Op 6-0 slacht Marije bûten en komt der in lytse keats. Ilse weaget, mar slacht helaas de bal ek bûten.

De junioaren fan Easterein keatse tsjin Mantgum (Johannes Muller, Jasper Visser en Sjoerd Lantinga) en winne dat ek, 5-2:6-6. Mantgum kin mear tsjinoer it spul fan Easterein sette. Jasper wit bygelyks de boppe in oantal kearen te finen. Easterein nimt de lieding mei 3-0. Op 6-6 pakt Mantgum in earst om’t de opslach fan Easterein foar giet. Mei twa skjinne earsten komt Easterein op 5-1 foar. Mantgum komt noch wol op in spul en pakt ek de 4-6. Mar op die stân slacht Mantgum kwea út. De keats en de winst wurdt dan troch Easterein pakt nei in boppeslach fan Jelte Pieter.

 

De manlju fan Mantgum (Wilco Fopma, Jan Geert Nutma en Richard de Graaf) hienen dit kear yn it perk de ‘gewoane’ wanten oan. Dat makke neat út, want se sloegen like fier as mei de ‘Belgyske’ wanten.
It holp net bot, want Easterein kaam samar op twa spul. Dirk Yde stiet no yn it perk en Stefan sloech foar bêst op, Pytrik foaryn. Op 0-6 slacht DYS boppe, mar op 2-6 mist hy de bal, 4-1. Mantgum kin op in spul komme, mar op 6-6 slaan hja de bal kwea út. It lêste earst is skjin foar Easterein.

 

 

 

Bitgum – Wommels 1-2 en Bitgum – St Anne Bitgum 1-2 (bron: OKK Bitgum)

 

 

Een warme, zwoele avond. Even warmlopen werd dan ook niet door iedereen om het hele veld gedaan. Alle categorieen waren deze keer aanwezig. De ene partij was weliswaar spannender als de andere, maar dat mocht de pret zeker niet drukken.

 

Sowieso hebben de dames (Mariska, Nelie en Wendy) het goede voorbeeld gegeven door deze avond van zowel Wommels als van St-Annaparochie te winnen.

 

De heren (Harry, Theun en Hendrik) kwamen net te kort, ze stonden fantastisch te kaatsen, maar konden ze net niet verslaan. Jammer.

 

De junioren, of in dit geval zelf de jongens (Henk Jan, Wybren en Willem) namen het op tegen de junioren van Wommels en St-Annaparochie. Petje af dat ze het zo goed deden tegen de junioren…

 

De volgende ronde is op 30 mei om 18.30 uur in St-Annaparochie. Het zou leuk zijn als er wat publiek onze OKK-ers aan komt moedigen.

 

Dames

Bitgum – Wommels    5 – 2    6 – 2

Bitgum – St Annaparochie   5 – 0   6 – 6

 

Junioren

Bitgum – Wommels   1 – 5   4 – 6

Bitgum – St Annaparochie   1 – 5   0 – 6

 

Heren

Bitgum – Wommels    4 – 5    6 – 6

Bitgum – St Annaparochie   2 – 5   0 – 6