FBC 1e ronde ferkeatst!

FBC: Is Easterein in ronde fierder?

Woansdei 18 april 2012 binne de trije partoeren fan Easterein elts hun eigen wei gien yn Fryslân. It mannepartoer mei Dirk-Yde Sjaarda, Jelte Pieter Dijkstra en Bauke Dijkstra binne de striid oangien tsjin Wommels yn Peins.

It Froulju’spartoer 1, Marije Hiemstra, Imke vd Leest en Anke Marije Pompstra ha keatst tsjin Boazum yn Hearrenfean. As lêste mar seker net de minste, ‘de puppies’ Tineke Dijkstra, Martine Tiemersma en Jelien Pompstra mochten Easterein as earstejiers dames ferdigenje yn Reahús tsjin Frentsjer 1.

 

Wa binne der troch?

Allinnich de froulju 1 is it slagge om troch te gean. Hjirby de ferslaggen fan Anke Marije, Jelien en Bauke.

 

Froulju 1

Yn Hearrenfean waard ûnder it genot fan in pear sinnestralen de earst bal slein om krekt 19.00 oere tsjin Boazum mei Nynke Sybrandy, Wiljo Sybrandy en Nellie Rijpma. Marije Hiemstra oan de opslach, Imke vd Leest foar minst foaryn en Anke Marije Pompstra mocht it achterste gedeelte fan it perk en de boppe ferdigenje. Der waard deeglik en frywol sûnder fouten keatst tsjin de gesusters Sybrandy en balkeerder Nellie Rijpma. Easterein 1 hie mar trije ketier nedich om foar winst te soargjen. De stân waard 5-1 6-6. Op nei de folgende ronde!

 

Froulju 2

Foar de froulju fan Easterein 2 gong ’t dit seizoen foar de eerste keer oan yn Reahûs. Tsjinoer har stie Frjentsjer 1 mei Iris vd Veen, Maaike Osinga en Manon Scheepstra. As eerste jiers froulju betsjutte dit foar Easterein dat se frijút keatse koenen. En dat ha se dien!  Sa as elke ôfdielingswedstriid foarich seizoen, ferlearen se altyd ’t earste buordsje. Sa begûn de wedstriid dizze keer ek.

Mar al gau hellen se Frjentsjer wer yn en kamen mei 1-2 foar. Frjentsjer krige ’t benaud en moast in stapke by sette, se makken een foarsprong fan 4-2. Mar Easterein liet har net fan ’t paad stjoere en sloegen werom oant 4-5. De winst wie tichtbij, mar Frjentsjer herstelde har op ‘e tiid en makken ’t 5-5. Yn ’t letste earst leinen de fouten bij Easterein. Dit earst ferlieze se dan spitich genôch ek, mei 6-2.  Jammer genôch lizze je der dan daliks út. Mar undanks it ferlies, ha se in moaie start makke fan it nije seizoen!

 

Manlju

Wy moasten it yn Peins opnimme tsjin Wommels mei Redmer Strikwerda en Jacob Klaas en Erik Haitsma. Nei’t alle spieren waarm wienen koe it oangean. Easterein begûn de partij oan de opslach en iepene de partij en dermei ek it seizoen mei in fantastyske sitbal fan Dirk Yde. Easterein pakte ek gelyk it earste boerd.

Der waard goed opslein troch beide opslaggers en ek it perk mei Jelte-Pieter en Bauke wist de ballen fanôf it begjin aardich te reitsjen. Allinne koe der gjin gat slein wurde mei it partoer fan Wommels. Sadwaande gie de wedstriid lyk op mar bleaun Easterein wol de boppelizzende partij.

Oant 3 earsten gelyk, want dernei kantele de partij en luts Wommels oan it langste ein. Wommels bleaun deeglik keatsen en makke hast gjin fouten mear wylst Easterein oan de opslach en yn it perk wat stekjes falle liet. Dat betsjutte úteinlik dat Wommels de partij mei 5-3 en 6-2 wûn. En dat de Frieslandbank Cup foar de hearen fan Easterein foarby wie foardat se Frieslandbank Cup sizze koene. Oare jier mar wer!

 

 

Ferfolch FRIESLANDBANK CUP

Speeldata FRIESLANDBANK CUP 2012. Aanvang voorrondes 19.00 uur, finales 13.00 uur.

 

Ronde 2: Speeldata dinsdag 22 mei – Lotingsdata zondag 1 mei
Lotingsplaats Weidum – Heren hoofdklas afdeling

 

Ronde 3: – Speeldata dinsdag 26 juni – Lotingsdata maandag 28 mei
Lotingsplaats Franeker – NK Heren afdeling

 

Ronde 4: Speeldata woensdag 11 juli – Lotingsdata zondag 1 juli
Dongjum – Dames hoofdklas v.f. – Reservedatum woensdag 15 augustus

 

Finales: zaterdag 15 september – Lotingsplaats wordt nog vastgesteld

 

Sjoch ek de Folder fan de Friesland Bank Cup