Traap-ôf Jongerein (KICK-OFF)

Kick-off 2012

 

Beste keats(t)er,

 

Noch mar in pear wiken en dan begjint it nije keatsseizoen! Wy binne as Technyske Kommisje der alwer in flink skoftke mei dwaande. De ôftraap fan it seizoen fynt lykas elts jier plak tidens de Kick-off.

 

Út namme fan de Technyske Kommisje wolle we dy hjir graach foar útnoegje.
Dit jier sil dat plakfine op tongersdei 26 april yn de Skoalleseize

De útnoegings foar dizze jûn binne al besoarge!

 

Yn dizze koarte gearkomste sil de foarearste yndieling fan de ôfdielingspartoeren
bekend makke wurde. Derneist leit der ek foar eltsenien troch-inoar-lotters-klean fan KF Easterein klear. Dizze sil dan útdielt wurde. Fierders is der
gelegenheid om fragen te stellen.

 

Yn ûndersteand skema kinst sjen hoe let ast ferwachte wurdst.
Alders binne fansels ek fan herte wolkom!

Tiid Kategory
18:00 Welpen jonges/famkes
18:15 Pupillefamkes
18:30 Pupillejonges
18:45 Skoalfamkes
19:00 Skoaljonges
19:15 Famkes
19:30 Jonges

 

 

 

 

 

 

Mochtest net kinne, dan graach efkes ôfberjocht jaan by Ype Tiemersma. Dat
kin op telefoannûmer 331355.

Oant sjen op tongersdei 26 april!

Mei freonlike groetnis,

Dirk-Yde Sjaarda

KF Easterein