Skip to content

Kom op sneon 20 augustus nei it haadklasse- en federaasjekeatsen yn Skearnegoutum!

2016FedSnitsKeatsdei 

De kommisje ‘Bring de Keatsers by ’t Keatsen’ organisearret sneon 20 augustus foar de sechde kear syn grutte haadklasse- en federaasjepartij yn de Federaasje Snits en omkriten. De keatspartij wurdt hâlden op sportpark De Kromme Tille yn Skearnegoutum en is fergees tagonklik foar publyk. Nei ôfrin is der livemuzyk!

 

De kommisje ‘Bring de Keatsers by ’t Keatsen’ en KV De Lytse Stuit yn Skearnegoutum meitsje harren op foar de grutte keatspartij op 20 augustus. Fanôf moarns 10.00 oere wurdt der op twa fuotbalfjilden fûleindich keatst troch federaasjekeatsers (jeugd en senioaren) út Snits en omkriten. Middeis fanôf 14.00 oere komme de haadklassekeatsers (manlju en froulju) yn aksje. Lykas de federaasjekeatsers (senioaren) keatse hja in frije formaasjepartij.

Wês derby! It is ien fan de lêste kearen dat toppers as Daniël Iseger, Cornelis Terpstra, Jan Dirk de Groot en Sjoukje Visser op ‘e fjilden te bewûnderjen binne! Nei dit keatsjier swaaie hja ôf as haadklassekeatsers.

 

Ek foar talleaze keatsende bern út federaasje Snits en omkriten sil it ien fan de lêste kearen wêze dat sy dizze keatshelden yn aksje sjen kinne. De kommisje ‘Bring de Keatsers by ’t Keatsen’ fynt it tige wichtich dat de keatsbern yn ‘e kunde komme mei de toppers fan no. Oan dizze keatshelden kinne sy harren fergaapje én oplûke. De keatshelden fan no ha in foarbyldfunksje foar de toppers fan de takomst!

Krekt om dy reden sil Hans Wassenaar, de nije kening fan de PC, frege wurde de prizen fan de federaasjepartij fan de jeugd út te rikken.

Foar de jeugdkeatsers in ekstra moaie stimulâns om harren yn ‘e prizen te keatsen!

 

Foar de froulju is dizze partij de foarlêste wedstryd yn oanrin nei harren Frouljus PC yn Weidum. Ek benyd hoe’t de ferhâldings lizze en hokker partoeren yn Weidum stride sille om de heechste eare en gloarje? Kom op 20 augustus nei Skearnegoutum! De tagong is fergees en nei ôfrin is der livemuzyk fan coverband De 4 B’s. Der wurdt ek in grutte ferlotting organisearre. Doch mei en meitsje kâns op it winnen fan in fyts, ballonflucht, of i-Pad. Mei stipe fan alle keatsferienings út Federaasje Snits e.o. meitsje wy der wer in bjusterbaarlike keatsdei fan!

 

Doch ek mei oan de keatserij of kom de keatsers oanmoedigjen!

 

Graach oant sjen op sneon 20 augustus yn Skearnegoutum!

Kommisje ‘Bring de Keatsers by ’t Keatsen’

 

Back To Top