KNKB: Ald-Meiers 2016

Hitsum – 17e Ald-Meiers

 

Op in drok besochte Ald-Meiers, moarns siet it fuort al grôtfol minsken om it fjild, binne Mirjam Punter, Selma de Boer en Jeska Terpstra mei begelieder Danny Roos der net yn slagge om in priis te winnen. De Ald-Meiers waard foar de 17e kear organisearre en is in fantastyske wedstriid foar de famkeskategory. It is prachtich om de hiele dei mei te meitsjen en KV De Eendracht fan Hitsum slagget der elk jier wer yn om it noch better en aardiger te meitsjen. In soad Eastereinders oanwêzich en dy seagen net allinnich de wedstriid mar ek it kreamke mei de hearlike broadsjes waarme beenham, in grut sukses.

 

Winner fan de 17e Ald-Meiers wurdt, ferrassend, Wytmarsum mei Sjoukje Stuiver, Selma vd Molen en Anke Smid. Se winne yn de finale fan Rie, ien fan de favoriten. Mantgum, de favoryt, waard 3e en ferlear yn de heale finale fan Wytmarsum.

 

Easterein begûn de dei tsjin Grou. Mirjam begûn foar bêst op, Jeska foar minst efteryn en Selma foaryn en op de boppe. Op 1-1:4-6 in boppeslach fan Selma, 1-2, Grou komt op 2-2 as se de keats foarby slaan op 6-4. Dêrnei rint Easterein út nei in 2-5 foarsprong, op 2-6 Selma boppe, 2-3, op 2-6 Selma de keats foarby, 2-4, op 2-6, Jeska boppe, 2-5. Op 6-4 pakke we net de keats net komt Grou op 3-5. Jeska nimt de foar bêst opslach oer om’t Mirjam net genôch bringe kin om it perk fan Grou ûnder druk te hâlden. Grou komt ek noch op 4-5 as op 6-2 Selma kwea út slach. mar dan mei in skjin earst witte se te winnen as Selma fan ôf de boppe de bal krekt foar de keats del leit.

 

Yn de 2e omloop tsjin it twatal fan Goaiïngea dat yn de 1e omloop fan Stiens wûn mei 5-2:6-0. Dat soe in warskôging wêze moatte foar Easterein, mar dochs litte we ús ek ferrasse. Mirjam begjint wer foar best op mar kin it net risse en nei 4-1 nimt Jeska de foar best oer en Selma de foar minst. De druk is efkes wat te grut op foaral Jeska en ús opslach rint net lekker en we ha te folle foute opslaggen. It wurdt sels 5-1 en dan komme we einlik yn ús spul. Punt foar punt wurdt garre en we komme werom oant 5-3. We begjinne sels mei in 0-4 as Jeske twa kear opslacht en ek sels werom yn it perk slacht. Mar Grou wit twa kear boppe te slaan, 4-4. Dan wikselje we mei 2 keatsen en de 1e keats ferlieze we en by de 2e keats slacht Selma krekt kwea út. Spitich, mar it is dien foar Easterein op de 17e Ald-Meiers.

 

Takom jier binne we der wer! Dan sille we sjen wa dan de kleuren fan Easterien ferdigenje meie op dizze prachtige wedstriid!

Sjoch foar mear ynformaasje op http://www.hitzum.com/ald-meiers-partij

 

Foto’s fan Hitsum, Henk Bootsma en eigen.

20160806 AMP 1

20160806 AMP 2

20160806 AMP 3

20160806 AMP 4

20160806 AMP 5

20160806 AMP 6

20160806 AMP 7

20160806 AMP 8