Ferskaat nijs – 12-6-2014

Sneon 14 juny

 

Sneon ha we yn Easterein de froulju 1e klasse t.i.l. mei 14 partoeren en tagelyk ha we ek de famkespupillen ôfdieling en opstap (t.i.l.). It bestjoer en kommisjes binne drok dwaande mei de tariedings!

 

Der komme 4 fjilden te lizzen, dat jimme sille begrype dat der in soad frijwilligers nedich binne! Hjirby dogge we dan ek in berop op jimme om ús sneon te helpen. der is altdy wat te dwaan!

Stjoer efkes in berjocht nei wedstriidsekretariaat@kfeasterein.nl of nei de website (webbehear@kfeasterein.nl)

 

Alfêst TIGE TANK foar jimme help! En mei jimme meitsje we der in prachtige keatsdei fan!

 

 

NK Famkes en Jonges

Sneon is ek it Nederlânsk Kampioenskip fan de famkes en jonges fan 14-16 jier.

De famkes keatse yn Drylst en foar Easterein komme Martina Kooistra, Baukje Terpstra en Janieke Dijkstra yn aksje. Se binne partoer 14 en moatte de 1e omloop tsjin Mantgum.

LIST FAMKES

 

De jonges keatse yn Stiens en dêr binne it Bote Jellema, Kees vd Horst en Remon Tie Bouma dy’t de kleuren fan Easterein ferdigenje. Se binne partoer 19 en moatte de 1e omloop tsjin Hyum-Feinsum.

LIST JONGES

 

We winskje beide partoeren en de begelieders in soad sukses ta!!

 

 

 


Iepenloftspul Jorwert

 

Yn Jorwert sykje se in oantal figuranten. Sjoch de FLYER en de tekst hjirnei

 

Bêste sporter,

 

Iepenloftspul Jorwert spilet dit jier Maraton, nei de film fan Martin van Waardenberg út 2012, oer freonskip en hurddraven. Yn E-flyer mear ynfo.

Foar it stik sykje we sa’n 25 oant 30 figuranten. As figurant spilest in dielnimmer oan de Maraton en bist geregeld yn byld ûnder de foarstelling.

 

Wa sykje we?

We sykje minsken dy’t it aardich fine om mei te dwaan oan it Iepenloftspul. Aktear-erfaring is net nedich, mar do moatst dy wol frij fiele op it poadium en de tiid hawwe foar de repetysjes en útfierings. Dat betsjut oant de simmerfakânsje sneons twa oerkes en nei de simmerfakânsje 2 jûnen yn ‘e wike fan 20:00 oant 22:00 oere en de sneons in pear oerkes, en by de útfieringen bist der de hele jûn by. We hawwe in gesellige ploech en belibbest hoe’t it is om ûnderdiel te wêzen fan in grutte teaterproduksje.

 

Meidwaan?

Leuk! Do kinst dy oanmelde fia figuranten@iepenloftspuljorwert.nl  

Set yn dyn mail yn elk gefal even de folgjende ynformaasje:

· Namme

· Leeftyd

· Wenplak

· Mailadres

· Telefoannûmer

Graach oant sjen yn de Notaristún fan Jorwert!

 


Kursus Sportyf coachen (http://www.kaatsacademie.nl)

Aan de bestuursleden van alle kaatsverenigingen,

 

Door het project ‘Samen naar een Veiliger Sportklimaat’ kunnen wij u een geheel gratis cursus aanbieden. Het gaat om de cursus Sportief Coachen of de cursus Coach de Coach.

Hieronder staat een korte beschrijving van beide cursussen. De cursussen vinden plaats bij de vereniging zelf en in overleg is dit mogelijk op de trainingsavond, zodat de trainers/coaches niet nog een extra avond vrij hoeven te plannen. Ook voor de kleinere verenigingen is er de mogelijkheid om één van de cursussen te volgen. Zij zullen dan samengevoegd worden met een andere vereniging.

 

Sportief coachen

Een traject gericht op de coaches, trainers en begeleiders van jeugdteams. Door middel van praktijkvoorbeelden (uit de groep, via filmpjes en opdrachtkaarten) krijgen trainers en coaches inzicht in eigen handelen. Er wordt gestimuleerd om positief te coachen, met ruimte voor plezier, uitdaging en ontwikkeling van spelers.

 

In de groep komen voorbeelden aan bod en wat dit voor positieve of negatieve gevolgen kon hebben op de spelers, de tegenstander, de ouders en de scheidsrechter. Het traject start met een bestuursgesprek, gevolgd door twee avonden met het technisch (jeugd)kader en wordt afgesloten met een evaluatiegesprek en een aanbevelingsbrief.

 

Coach de coach Coach trainers ‘om het veld’ op hun pedagogische vaardigheden.

Een scholing voor (ervaren) trainers en coaches hoe je nieuwe trainers en coaches binnen de eigen vereniging kunt observeren en feedback kunt geven op hun feitelijke coachgedrag op en om het veld. Je leert niet alleen hoe je de wijze van trainen en coachen van minder ervaren trainers en coaches kunt analyseren, maar ook hoe je dit treffend kunt verwoorden in de vorm van opbouwende feedback.

 

Voor nadere informatie of opgave kunt u contact opnemen met Richard Steensma.

Met vriendelijke groet,

Richard Steensma

Projectleider VSK

06-34348538

r.steensma@knkb.nl