Keatskes: 9-6-2014

It Pinksterwykein en dus (hast) elk een ekstra lang (keats)wykein. Guon ha it hiele wykein keatst en sa koe it dat men sneon yn Tsjummearum yn de finale stie fan it sêftebal keatsen, snein yn de finale fan it Pearkekeatsen en Pinkstermoandei yn de 2e omloop fan it Nederlânsk Kampioenskip Senioaren tsjinoer de letter winners, Minnerstgea. Dat ‘oerkaam’ Bauke Dijkstra.

 

En we ha it wolris oer fuotballende keatsers of keatsende fuotballers, mar der is ek in nije kombinaasje. In keatsende, fuotbaljende stepper. Marten Faber hat de alvestêdetocht op de autoped folbrocht en sa kaam it ek dat Pinkstermoandei Gert Jan Hiemstra yn de krite stie foar Easterein. Ek al om’t Robert Sijbesma blesearre wie en as coach mei wie. Moai om Gert Jan wer ris stean te sjen op sa’n grutte wedstriid tegearre mei Dirk Yde en Bauke.

 


Sneon 7 juny

Tsjummearum – Sefte bal NK foar 2e klas senioaren

20140607 Tsjummearum Seftebal2

Bauke Dijkstra, René Velzen en Erwin de Boer winne de 2e priis út in list fan 14 partoeren. Yn de finale waard ferlern fan Tsjummearum mei .?.
Yn de 1e omloop waard wûn fan .?. en fan .?.

20140607 Tsjummearum Seftebal1

Ek op de list stienen Robert SIjbesma, Gert Jan Hiemstra en Harm Auke Dijkstra. Hja wûnen de 1e omloop fan .?. en ferlearen doe fan .?.

 

Boazum – Froulju 1e klasse t.i.l.

20140607 Boazumt 1eklasFroulju3

Yn Boazum wie der in 3e priis foar Jelien Pompstra mei Nieke Wateler en Hermine Sytema en ek in 3e priis foar Martine Tiemersma mei Sanne Velsma en Lusanne Klaver

20140607 Boazumt 1eklasFroulju1eferl

Yn de ferliezersronde in 2e priis foar Marit Kuperus mei Boukje Houtsma en Margriet Bakker.

 

Anjum – Skoalfamkes A+B

20140607 AjumSkoalfamkesAB

Yn Anjum yn de A-klasse wie it Jeska Terpstra mei Jannica vd Ploeg fan Stiens dy de krânsen wûnen mei 19 earsten foar

 

Ferwert – Pupillenfamkes A+B

20140607 FerwertPupillenfamkesAB

De 2e priis yn de A-klasse mei 18 earsten wie foar Roelie Kroondijk mei Dian Dijkstra (Jirnsum). We krigen berjocht fan mem Annette dat der dit seizoen noch net sa spannende keatst wie as hjoed.

 

Gaast-Ferwoude – Welpenjonges t.i.l.

20140607 GaastFerwoudeWelpenjongestil

In 2e priis foar Redmer Wiersma mei Harmen Zuidema fan Minnertsgea.

 

 


Snein 8 juny

Easterein – Pearkekeatsen

Der waard keatst yn 4 klassen mei 36 partoeren! In prachtige dielname foar de feriening en de stipers Murks Slagerij en Wietse B Lighart bouw-tekenburo, beide út Wommels.

 20140608 EastereinPearkekeatsen 1

De krânsewinners fan de 4 klassen. (klik op de foto foar grutter eksimplaar)

Yn de Top-klasse hienen we sels noch in wiere derby Easterein-Wommels. Wat je meastentiids fan in derby ferwachtsje meie, dat kaam der no net út. Wommels stie hieltyd efter, sels mei 5-3, mar wist doch te winnen.

Sjoch by Wedstriidutslaggen, Leden foar it ferslach en foto’s by 08-06-2014 – Pearkekeatsen.

 

Reahûs-Turns – Manlju 50+

20140608 ReahusTurnsManlju50AB

Douwe Durk Reitsma kaam mei syn maten Henk Woppenkamp, Hauwert en Eddy Sjollema, Harns yn de finale fan de A-klasse. It waard 5-3:6-4 foar de oaren en dus in 2e priis

 

 


Moandei 8 juny

 

Frjentsjer – Nederlânsk Kampioenskip senioaren

Foar Easterein steane Dirk-Yde Sjaarda, Gert Jan Hiemstra en Bauke Dijkstra op de list en tsjin Folsgeare nimme se in 1-2 foarsprong. It wurdt 1-3 nei in bûtenslach fan Hendrik Sweering. Folsgeare pakt in spul om twa spul as Folsgeare de keats foarby slacht en Bauke troch de sinne it sicht ff kwyt is. Op 2-4:2-4 pakt Bauke de 1e keats en dernei slacht Hendrik bûten, 2-5. Der wurdt wûn fan Folsgeare nei in bûtenslach op 2-5:0-6.

20140609 Frjentsjer NKSenioaren1

Easterein moast yn de 2e omloop tsjin Minnertsgea dat wûn hie fan Ljouwert. 0-1 efter en nei in boppeslach fan Gert Jan, 4-0. Op 0-1:6-6- slacht Gert Jan kwea, 0-2. Easterein komt 0-3 efter as de keats net pakt wurdt op 0-6. Drege pot tsjin Minnertsgea wêrby Chris no taktysk balkeart.

20140609 Frjentsjer NKSenioaren2

Easterein komt 0-4 nei in sitbal fan Hendrik Kootstra op 4-6. Easterein slacht op 0-4:6-6 in lytse keats. Dirk-Yde op en de keats net foarby troch Hendrik Kootstra en we ha in buordjse!, 1-4! It wurdt 1-5 nei in boppeslach fan Kootstra op 1-4:4:6 en nei twa bûtenslaggen op 1-5:2-4 ferliest Easterein fan Minnertsgea op it NK Senioaren.

Minnertsgea wint letter it NK nei winst op Bitgum.