Ferskaat nijs: 28-6-2014

Skoalkampioenskippen

Woansdei 25 juny waarden de famkes fan de Foareker Skoalkampioen yn Ljouwert en lykas as ferline jier foarop yn de feestoptocht fansels

Corrie en Roelie Kroondijk mei Nynke Paauw winne de krânsen.

20140625 Skoalkampioenfamkes

 

 


Jeu de Pelote Easterlittens

20140526 Easterein IFKJeudePelote 

Sa krekt foar de Eastereiner Doarpsfeesten begjinne de Iepen Fryske Kampioenskippen Jeu de Pelote yn Easterlittens.

Easterein wie frij yn de foarronde en moast foar de 1e wedstriid spylje tsjin Harns op moandei 23 juny en winne dat mei 5-8.

Foto’s Harns – Easterein

 

Doe moasten se op woansdei 25 juny (tagelyk mei de feestoptocht) ek nei Littens om tsjin Winsum te keatsen. Dat waard ferlern mei 8-2. Winsum waard letter kampioen troch te winnen fan Bitgum yn in spannende finale.

Foto’s Winsum – Easterein

 

Alle ynformaasje fan Jeu de Pelote op website Easterlittens

 

 

 


Keatsen yn Afrika!

 

Hoi allegear,

Foar ik nei Súd Afrika gong, bin ik by Hâns Kooistra langs west om te freegjen of ik 10 âlde keatsballen mei ha mocht.

Hjoed, op myn lêste staazje dei op de basisskoalle yn Bathurst (Súd Afrika) ha ik in sportdei organisearre. Derby koene de keatsballen fansels net yn de kast lizzen bliuwe. Yn de taheakke efkes in foto fan de bern. Se binne drok dwaande mei baltsje heech hâlde.

2014 SudAfrika Kaatsen

 

In bytsje fan de Fryske kultuer yn it fiere Afrika.

Groetnis,
Janna Reitsma